Flagge fan Drachtster Kompenije
De flagge fan Drachtster Kompenije is de flagge fan it doarp Drachtster Kompenije, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2002 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Fan blau mei in wite loftsskeanbalke, mei in tsjokte fan 1/2 flaggehichte: de balke begjinnend yn de broekhoeke en op 2/3 flaggehichte de boppekant fan de flagge reitsjend; de skeanbalke belein mei trije reade lizzende blokken: elk blok fan 1/6 flaggehichte en 1/4 flaggehichte, it boppeste en it ûnderste blok op 1/12 flaggehichte fan de boppe- en ûnderkant fan de flagge pleatse en op in ôfstand fan 1/6 flaggehichte; yn de broektop in fjouwerkant mei siden gelyk oan 1/2 flaggehichte en weagjende linksskean trochsneid fan read en giel mei twa ôfkearde klaverblêden fan it iene yn it oare, útgeande fan de dielline.
De kleuren komme út it wapen fan Drachtster Kompenije.
Symbolyk
bewurkje seksje- Sulveren diagonaalbalke: symboal foar de wiken dy't yn de omkriten fan it doarp groeven binne.
- Reade turven: saneamde lange turf, hokker brún fan kleur wiene. Yn ferbân mei heraldysk foarkar, waard foar de kleur read keazen. De kleur read ferwiist ek op de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.
- Frijkertier: ferwiist nei it koöperative karakter fan de kompenije dy't de feanfjilden eksploitearre en letter tegearre wurke mei pleatslike boeren. De klaverblêden ferwize op de lânbou. Wêrby't it goud ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit en it read ek foar de eardere heide.