Flagge fan Jorwert
De flagge fan Jorwert is de flagge fan it doarp Jorwert, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 reigstrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Trije lingtebanen giel, blau en giel, yn de ferhâlding 2:1:2, de blauwe baan gelyk mei de middelste kantiel fan de broeking; in trije kantielde reade broeking, de earste kantiel begjinnende oan de boppeside fan de flagge op 2/5 flaggelingte, de reade broeking belein mei trije wite ruten, elk mei in hichte fan 3/10 flaggehichte, boppe mekoar pleatse.
De kleuren komme út it wapen fan Jorwert.
Symbolyk
bewurkje seksje- Blauwe baan: stiet foar de Jorwerter Feart.
- Reade broeking: stiet foar it rjochtshûs fan Baarderadiel dat oant yn de 17e iuw yn Jorwert stie.
- Kantielen: ferwize nei twa stinsen dy by it doarp stien: Fûnsstins yn de buorskip Fûns en Hesensstate yn de buorskip Hesens.
- Ruten: symboal foar de rjochtspraak. It oantal trije ferwiist nei de rjochter en twa assessors. De kleur sulver ferwiist nei de suverens fan de rjochtspraak.