Flagge fan Koudum
De flagge fan Koudum is de flagge fan it doarp Koudum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1994 registrearre.
It ûntwerp is fan Hans van Heijningen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
In broeking fan blau, mei in lingte gelyk oan 3/5 fan de flaggehichte en in flecht yn fiif like heege banen fan read-giel-read-giel-read, sa bedoeld, dat de ûnderste giele baan oer de blauwe broeking trochrint tot de broekside; yn de broektop in giele seispuntige stjer fan 1/2 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Koudum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Blauwe broeking: stiet foar De Fluezen.
- Giele baan: stiet foar de Galamadammen, dy't troch De Fluezen rint.
- Stjer: saneamde "gidsstjer" dy't in haadplak oanjout. Koudum wie it haadplak fan de gritenij en gemeente Himmelumer Aldefurd en de gemeente Nijefurd.