Flagge fan Longerhou

De flagge fan Longerhou is de flagge fan it doarp Longerhou, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

Flagge fan Longerhou

It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.

By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.

De beskriuwing fan de flagge is:

Besteande út fjouwer diagonale banen yn it giel en read rjochtskeand; oan de broekside de fersmelle flagge fan Wûnseradiel.

De kleuren komme út it wapen fan Longerhou.

  • Giele en reade banen: ferwize nei it dielen fan in predikant mei it buordoarp Skettens.
  • Fersmelle flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.