Flagge fan Mildaam
De flagge fan Mildaam is de flagge fan it doarp Mildaam, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. De flagge waard yn 2004 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen blau, wyt en blau yn de ferhâlding 1:1:4, de wite baan fiif kear weagjend en op 2/9 fan de flaggelingte ûnderbrutsen, de ûnderbrekking mei in breedte gelyk oan 1/6 flaggehichte; yn de ûnderste baan oan de broekside in giel ikeblêd mei in hichte gelyk oan 2/3 flaggehichte en pleatst ûnder de ûnderbrekking yn de weagjende baan.
De kleuren komme út it wapen fan Mildaam.
Symbolyk
bewurkje seksje- Weagjende baan: symboal foar de Tsjonger dy tichtby it doarp rint. De ûnderbrekking fan de baan stiet foar de daam út de plaknamme en dy't warskynlik yn de Tsjonger lei.
- Ikeblêd: stiet foar de ikebeammen yn de omkriten fan it doarp. It goud stiet foar de sângrûn dêr't it doarp op leit.