Flechthichte
In flechthichte of flechtheuvel is in ferheging yn it midden fan in dyk, dêr't fuotgongers feilich hinne kinne te wachtsjen "flechtsjen" wylst se de dyk oerstekke. Hy wurdt ornaris brûkt wannear't de dyk te breed foar fuotgongers is om yn ien gong de dyk oer te stekken. Hja komme ek foar by diken mei hegere maksimumfaasjes. Op in flechthichte steane almeast ferkearspylders, dy't de bestjoerders oanjouwe dat der in flechthichte is. In soad flechthichten befetsje in leger part, dêr't de fuotgongers op oankomme, sa't it makliker is foar rôlstoelen en berneweinen op de flechthichte te kommen. In flechthichte is likernôch in pear meter lang, foar in middenberm yn in dyk mei in dûbele rydbaan oer, dy't in skieding tusken de rydbanen foarmet.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Flechthichte fan Wikimedia Commons. |