In flechtstripe is in stripe asfalt fan likernôch trije meter breed njonken in dyk lâns, dy't ornearre is foar reauwen yn gefal fan maleur of need. By files en oare drokte, wurdt in flechtstripe iepene foar helptsjinsten, en kin bytiden ek brûkt wurde foar gewoan ferkear.

De Interstate 405 by Seattle, Washington, dêr't de flechtstripe iepensteld wurdt foar it ferkear troch de drokte.

Op diken dêr't it net mooglik is in flechtstripe te bouwen, wurde hjir en dêr flechthavens oanlein.

Doel bewurkje seksje

 
In autodyk yn Ierlân mei flechtstripen oan wjerskanten, dy't skaat binne fan de rydbaan troch in ûnderbrutsen giele streek
 
In flechtstripe oan in dyk yn it suden fan Frankryk

Flechtstripen hawwe ferskate doelen, lykas:

  • Foar helptsjinsten, sa as sikeweinen, brânwachtweinen, en plysje-auto's, kinne de flechtstripe brûke om by files om it ferkear hinne te riden.
  • Yn gefal fan need of maleur, kin in bestjoerder syn/har reau op de flechtstripe parkearje, om út it paad fan trochgeand ferkear en op in feiliger plak te kommen.
  • Yn guon gefallen kin in flechtstripe iepensteld wurde om fêststeand ferkear foarút te krijen.
  • Op guon plakken meie bussen oer de flechtstripe ride.
  • Op diken mei bochten, binne reingoaten oan de flechtstripe boud, sa't it wetter fan de rydbaan ôfrint en de kâns op akwaplaning ôfnimt.
  • Flechtstripen jouwe ekstra fersteviging fan de rydbaan.

Algemiene skaaimerken bewurkje seksje

De flechtstripe is ornaris justjes smeller, sa'n trije meter breed, as in rydstripe. Yn de measte gefallen is in flechtstripe fan beton of asfalt. Dêr wurdt dan sprutsen fan in "hurde flechtstripe". Yn guon gefallen, benammen op âldere plattelânsdiken, besteane flechtstripen út grind, ynstee fan beton of asfalt, en dêr wurdt dan sprutsen fan in "sêfte flechtstripe".

Yn Nederlân hawwe alle autogongwegen in flechtstripe, mar net alle autowegen.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.