Fleurop (hynders)

Fleurop is in frouljussealklup út de omkriten fan Wytmarsum. De groep fan bestiet sûnt 1991 út sawat acht froulju.

De ruters ride yn amasônesit op Fryske hynders en drage lange himelblauwe klaaiinge mei sleep en in huodsje. De klean binne basearre op âld-Ingelske rydklean. Piety Hofstra hat as dressuerrydster it inisjatyf naam. Nei in âld foarbyld binne in tal frouljussealen makke. Om yn amasônesit ride te kinnen, mei beide skonken oan deselde kant fan it hynder, moast earst tige wenne. Omdat dde amasônes de rjochter skonk net brûke kinne om it hynder te driuwen wurdt in rydstok ("cane") brûkt. Om op it hynder te kommen is in opstapke nedich. Yn it earstoan feroare de gearstalling fan de groep gauris. Der waard oefene yn de maneezje fan Koarnwert.

It earste optreden wie yn Penjum. Doe folgen mkear sjo's en konkoersen lykas Indoor Fryslân mar ek bûten de provinsje. By it dressuerriden wurde gauris marsen spile. De sjo bestiet út in kür dy't riden wurdt op muzyk fan “De swarte pearel”. Treenster Swaentsje Brink makke hjirfoar de goreografy.

Keppeling om utens bewurkje seksje