De Flevohof wie in agrarysk temapark by Biddinghuizen yn de Flevopolder en de foarrinner fan it hjoeddeiske Walibi Holland. It park waard op 21 maaie 1971 iepene troch Prinses Beatrix. Direkteur fan it park wie Herman Eshuis. It park beskikte oer edukative attraksjes om it tema lânbou en greidbuorkerij hinne, op in oerflakte fan 150 hektare.

Flevohof
  ferdivedaasjepark
Flevohof, de fiver (1979)
Flevohof, de fiver (1979)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Flevolân
Gemeente Dronten
plak Biddinghuizen
adres Spijkweg
koördinaten 52° 26' NB, 5° 45' EL
bysûnderheden
type Temapark
eigner Herman Eshuis
iepen 1971
oerflak 150 hectare
achtbanen 1
skiednis
iepening 21 maaie 1971
sluting 1992
opgien yn Walibi Holland
gebou
boujier 1971
sloopjier 1992
kaart
Flevohof (Flevolân)
Flevohof
Lokaasje Flevohof

Der rûn troch de "Flevohof" in spoarline, dêr't de rails fan foar in grut part bewarre bleaun binne. Tsjintwurdich is dizze spoarline fernijd en de rûte is ynkoarte. [1] Midden santiger jierren wie der ek in achtbaan, City Jet, oanwêzich yn it park.

Yn 1991 gie it park fallyt en waard it oernaam troch de "Walibi Group". It lêste seizoen fan de "Flevohof" wie 1992.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: