Flevorama is in bûtenpleats oan de Flevoleane yn Naarden. De skiednis hjirfan is ferbûn mei de skiednis fan de hofsteden 'Oud Bussum' en 'Berghuizen'. It hûs is partikulier besit, is fan de dyk ôf te sjen mar net tagonklik.

Flevorama

Yn 1781 kocht Jacobus Hendrik Thierens it 'Oude Bos' fan de hofstede 'Oud Bussem' en luts it terrein by 'Berghuizen'. Yn 1816 waard de yn 1814 by de belegering fan de festing Naarden ruïnearre hofstee 'Berghuizen' mei it 'Oude Bos' kocht troch Joannes Petrus van Rossum. Van Rossum liet op de eastlike râne fan it 'Oude Bos' in tabaksskuorre delsette, dy't ± 1843 ferfongen waard troch in houten paviljoentsje mei útsjoch op de Sudersee (Flevomar). De belvedêre krige dêrom de namme 'Flevorama'. Nei it ferstjerren fan Van Rossum yn 1856 kamen de terreinen fan de 'Oude Bos' wer los fan 'Berghuis / Berghuizen'. Op it 'Oude Bos' ûntstie it selsstannige bûtenhûs 'Flevorama'.

Eigenaresse waard yn 1856 Hermine Marie Elisabeth van Rossum, dy't troud wie mei J.J.M. Dudok van Heel. De houten belvedêre waard yn 1858 ferfongen troch in lânhûs, boud troch arsjitekt Van Gendt. Letter kaam der noch in koetshús by. Om 1898 hinne waard op it terrein fan it bûten oan de Flevoleane noch in hûs boud, 'De Viersprong', op de hoeke fan de Flevoleane en de Naarderstrjitte. It hûs 'Flevorama' waard fergrutte yn 1901 en/of 1904. Yn 1926 splitste men de it bûten; de westlike helte waard yn 1928 beboud mei lânhûs 'Zuiderhof' oan de Bolleleane 22.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: