Flinteraai

(Trochferwiisd fan Flinter Aai)

Eltse flinter begjint mei in aai. Flinteraaien kist sjen mei it bleate each. Sels de aaien fan de lyste flinters binne relatyf grut. Flinteraaien kinne fan 0.2 oant 4 mm lang wêze. Flinteraaien hawwe in skaal. Dy skaal bestiet út in lyts laachje mei waaks. De waaks foarkomt dat it aaike útdrûget. Dizze waaks wurdt in oantal oeren nei it lizzen drûch. Krekt leine aaikes binne faak giel of grien, letter krije se harren einkleur. Elts aai hat hiele lytse gatsjes. It doel fan dy gatsjes is om it sperma de kâns te jaan om yn it aaike te kommen en it aaike te befruchtsjen. De embryo is omjûn troch aaigiel.

Aaikes fan flinters kinne der hiel ferskillend útsjen. Soms hawwe aaikes felle kleuren. Dy felle kleuren warskôgje oare flinters om net op deselde weardplant aaikes te lizzen omdat oars de konkurrinsje te grut wurdt. Flinteraaikes hawwe ek ferskillende foarmen. Guon binne gled of rûch. Der binne ek mei richels en holten, hol, bol hoekich en of plat. Alle foarmen komme foar.

Guon soarten lizze de aaikes ien foar ien. Mar der binne ek soarten dy't grutte oantallen aaikes lizze. Flinters lizze de aaikes meast op in plant dêr't de rûp fan frette kin. Ôfhinklik fan de temperatuer ûntwikkelt it embryo him yn ien oant trije wiken. Dêrnei fret it rûpke him út it aai om ferfolgens te iten fan de weardplant.

Flinters brûke in soarte fan lym om de aaikes fêst te plakken op in blêd of stâle. De lym drûget tige fluch. Wat de gearstalling fan de lym krekt is, is ûnbekend. De rûp brûkt deselde lym by it ferpopkjen.

aaikes fan de Nûmerflinter (dy lytse griene boltsjes