Nûmerflinter
De nûmerflinter (Vanessa atalanta) is in soarte yn it skaai fan de atalantaflinters (Vanessa).
nûmerflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Vanessa atalanta | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe nûmerflinter is in echte trekflinter. Hy kin yn Nederlân allinnich oerlibje yn hiele sêfte winters. Fan Súd-Europa út trekt er alle jierren nei it noarden ta. Yn goeie trekjierren kin dizze flinter yn hiel Nederlân sjoen wurde. Yn septimber kinne trekkende nûmerflinters dy't wer nei it suden ta gean yn groepkes waarnommen wurde.
Flinter
bewurkje seksjeDe flinter is altyd wer te kennen oan de patroanen op de wjukken. De boppenside fan de wjukken hat in hast kringfoarmich oranje patroan, wylst it patroan op de ûnderside sifereftige foarmen hat. Under de rjochterwjuk liket it nûmer 98 te stean. De wjuklingte is 26 oant 32 mm.
Fljochtiid
bewurkje seksjeDe flinters kinne sjoen wurde fan maaie oant oktober. Der is mar ien generaasje.
Rûp
bewurkje seksjeDe rûp kin 35 mm lang wurde. Der binne grutte ferskillen yn it uterlik fan de rûpen. It liif farieart fan grien oant donkerbrún en swart, mar it kin ek giel wêze mei swarte flekken. De rûp bestiet út ferskillende segminten. Elk segmint hat fertakke toarntsjes yn de kleuren fan it liif. De rûp libbet yn in byinoar-spûn blêd. Yn Nederlân groeie de rûpen yn de simmerperioade. De measte rûpen stjerre yn 'e hjerst.
De rûp fret fan de grutte brânnettel en de lytse brânnettel.