Florian Skilang Temengil
Florian Skilang Temengil (Palau, 4 novimber 1986) is in Palauaansk wrakselder, dy't him spesjalisearre hat yn it freestyle wrakseljen. Hy wennet yn 'e Feriene Steaten en hat ferskate kearen meidien oan 'e Olympyske Spullen.
Florian Skilang Temengil | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Florian Skilang Temengil | |
nasjonaliteit | Palauaansk | |
bertedatum | 4 novimber 1986 | |
lingte | 1.85 m | |
gewicht | 110 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | wrakseljen | |
ûnderdiel | freestyle | |
O.S. | Peking 2008 Londen 2012 Rio de Janeiro 2016 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeTemengil waard yn 1986 berne yn Palau, in lyts eilânsteatsje yn 'e Stille Súdsee. Hy wennet op 't heden yn 'e Feriene Steaten, dêr't er studearret oan 'e Newman Universiteit yn Wichita, yn 'e Amerikaanske steat Kansas.
Yn 2008 naam Temengil foar syn heitelân diel oan 'e Olympyske Spullen yn Peking. Hoewol't er dêr yn 'e earste omgong ferlear fan Ottó Aubéli út Hongarije, wist er mei in útslach fan 0-6 en 1-7 yn it wrakseljen it alderearste punt op 'e Olympyske Spullen ea foar Palau te skoaren. Syn lânsman John Tarkong jr. hie nammentlik fjouwer jier earder, op 'e Olympyske Spullen yn Atene, gjin inkeld punt witten te skoaren, en ek syn lânsman Elgin Loren Elwais helle yn Peking gjin punten binnen.
Letter naam Temengil ek diel oan 'e Olympyske Spullen fna 2012 yn Londen en oan 'e Olympyske Spullen fan 2016 yn Rio de Janeiro.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: (in) Florian Skilang Temengil. |