Floaris V fan Hollân

(Trochferwiisd fan Floris V fan Hollân)

Floris V fan Hollân (* 25 july? 1254, Leiden - † 27 juny 1296, Muiderberg) wie greve fan Hollân en Seelân en letter brûkte er ek de titel "Hear fan Fryslân".

Floaris V

Jonge jierren

bewurkje seksje

Floris V wie de soan fan Willem II fan Hollân en Elisabet fan Brunswyk. Doe't er noch gjin twa jier âld wie ferstoar yn 1256 syn heit op in fjildtocht tsjin de Friezen. Syn omke Floris de Foud waard regint oant dy yn 1258 ek ferstoar. Dêrnei wie syn muoike Aleid fan Avesnes syn regentes, oant Otto II fan Gelre yn 1263 it regintskip oernaam.

Yn 1266, doe't er hast tolve wie, waard er as grutminske sjoen, en âld genôch om sels it bewâld op him te nimmen. Doe't er fjirtsjin wie, yn 1268, troude er, neffens in kontrakt dat Floris de Foud yn 1256 sletten hie, mei Beatriks fan Flaanderen. Se krigen njoggen bern tegearre, Willem, Otto, Dirk, Floris, Jan I fan Hollân, Machteld, Beatriks, Elisabet en Margareta. Utsein Jan en Margareta binne se allegear jong ferstoarn. Fierders hie Floaris ek noch wat bern yn it wyld rinnen. By namme bekend binne dêrfan Witte fan Hollân, Katarina fan Montfoart, troud mei Sweder fan Montfoart, in Gearard, in Willem, in Alide (mem fan Willem de Laker), in Piter en in Durk.

West-Fryslân

bewurkje seksje

Yn 1272 besocht Floris V foar it earst om it wurk fan syn heit ôf te meitsjen. Krekt 18 jier âld teach er fia Alkmar nei West-Fryslân yn de striid tsjin de Friezen, en hy koe noch krekt mei syn libben weikomme. Mar nei fierdere fjildtochten yn 1282 en 1287 koe er yn 1289 West-Fryslân by Hollân foegjen. Nei 17 maart 1291 brûkte er dan ek de titel "Greve fan Hollân, Seelân en Hear fan Fryslân". Nei syn dea besochten de Westfriezen yn 1297 noch ien kear om harren frijheid werom te winnen, mar se koenen harren net mear frijmeitsje fan it Hollânsk gesach.

Mei it ferslaan fan de Friezen hie Floris V de noardlike grins fan Hollân sa fier opskood as mooglik. Yn de tuskentiid hie er Hollân ek nei it easten útwreide, dat no rjochte er de oandacht op de súdgrins. Hy besocht dêrby mear fan Seelân ûnder syn bewâld te krijen. Yn 1290 gong dat skeef en waard er by Bierfliet finzen naam. Hy moast fiergeande konsesjes dwaan, mar ien kear frij hold er him dêr net mear oan. Hy gong fierder yn syn stribjen nei gebietsútwreiding yn Seelân, en doe't syn stipe fan Edward I fan Ingelân wat dat oangie net genôch opsmiet gong er oer nei it Frânske kamp. Dit koe Edward fansels net akseptearre, en yn in komplot mei Gysbrecht fan Amstel, Gerard fan Felzen en Herman fan Woerden waard 27 juny 1296 besocht him op 'e nij finzen te nimmen. Dat slagge, mar om't de trije net weikomme koenen deaden se harren finzene.