Flory Anstadt berne as Florentine ten Camp (Amsterdam, 7 desimber 1928 - Laren, 21 oktober 2024) wie in Nederlânsk programmamakster en regisseuse.

Flory Anstadt
regisseur en/of produsint
Flory Anstadt (1971)
Flory Anstadt (1971)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Florentine ten Camp
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 desimber 1928
berteplak Amsterdam
stoarn 21 oktober 2024
stjerplak Laren
wurkpaad
wurksum as Programmamakster en Reggiseuse
bekenste
  produksje(s)
Kinderen voor Kinderen (1980-1986)
jierren aktyf 1955 - 1987
prizen Edison (1981)
Gouden Harpe (1982)

Anstadt groeide op yn in ûnderwizersfamylje. Sawol har pake, mem as suster stiene foar de klasse. Yn 1955 begûn se as skriptgirl te wurkjen by de VARA. Se wurke doe tegearre mei Kees van Iersel en Willy van Hemert. Har earste searje dy't se skreau wie de telefyzjedrama Koning Oidipoes.

Acht jier letter stapte se oer nei de dokumintêreôfdieling fan de omrop dêr't se ûnder oare it tv-programma Een zoen voor de juffrouw foar makke. Se makke yn 1963 it telefyzje programma Vrouwelijkheden dat presintearre waard troch Joop van Tijn.

Yn de santiger jierren betocht se de tv-berneprogramma's Roffel mei Leoni Jansen en 't Spant derom mei Piet Römer en Willem Nijholt. Grutte bekendheid krige se yn de tachtiger jierren yn Nederlân mei it telefyzje programma Kinderen voor Kinderen. Yn 1981 wûn hja hjirfoar in Edison en yn 1982 de Gouden Harpe. Anstadt hold yn 1987 op mei har wurk by de VARA. Se makke yn 1988 lykwols noch in telefyzje programma, neamd Vooruit met de geit, dat opnaam waard yn it Noorder Dierenpark.

Flory wie fan 1959 oant 1970 troud mei regisseur Milo Anstadt en krige tegearre mei him in dochter. Se wenne lêste jierren yn it Rosa Spier Huis yn Laren, Flory Anstadt ferstoar op 21 oktober 2024, yn 'e âldens fan 95 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy: NL