Fokke Middendorp
Fokke Middendorp (Wolvegea, 1 maaie 1905 – dêre, 21 novimber 2001) wie in Frysk publisist, dy't yn sawol it Nederlânsk as it Stellingwerfsk folkekundige, geakundige en skiedkundige boeken en artikels skreau oer de Stellingwerven. Hy wurke in soad ûnder de skûlnamme Fokke van Lute.
Fokke Middendorp | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Fokke van Lute | |
echte namme | Fokke Middendorp | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 maaie 1905 | |
berteplak | Wolvegea (Fryslân) | |
stoarn | 21 novimber 2001 | |
stjerplak | Wolvegea (Fryslân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
wurk | ||
taal | Nedersaksysk (Stellingwerfsk) Nederlânsk | |
sjenre | non-fiksje (folkekunde, geakunde, skiednis) | |
útjouwer | Stellingwarver Schrieversronte | |
prizen | H.J. Bergveld-priis 1996 | |
jierren aktyf | <1980 – 2001 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben
bewurkje seksjeMiddendorp waard yn 1905 berne yn Wolvegea. Nei't er mei pinsjoen gien wie, sette er útein te skriuwen oer de folkekunde, geakunde, skiednis en ierdrykskunde fan 'e Stellingwerven. Dêrby makke er in protte gebrûk fan it pseudonym Fokke van Lute. Middendorp skreau sawol yn it Nederlânsk as yn syn memmetaal, it Stellingwerfsk.
Syn belangstelling gie benammen út nei syn bertedoarp Wolvegea en nei de gemeente Weststellingwerf. Sa publisearre er yn 1980 it boek Her en Der deur et Oolde Wolvege, en yn 1981, tegearre mei Han Wielick, Van Haule tot Heide: De Volledige Historie van Alle Straten, Wegen, Lanen, Paden en Pleinen in Weststellingwerf.
Yn 1996 krige Middendorp de H.J. Bergveld-priis foar literatuer yn it Stellingwerfsk takend foar Huus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt, in bewurking troch him fan 'e autobiografyske ferhalen fan boere-arbeider en komelker Batteld Nijhoolt (berne 1885) fan De Miente, boppe Noardwâlde. Middendorp ferstoar yn 2001 yn syn bertedoarp Wolvegea, yn 'e âlderdom fan 96 jier.
Wurk
bewurkje seksje- 1980 – Her en Der deur et Oolde Wolvege (as Fokke van Lute)
- 1981 – Van Haule tot Heide: De Volledige Historie van Alle Straten, Wegen, Lanen, Paden en Pleinen in Weststellingwerf (mei Han Wielick)
- 1985 – Na Driemaal Klokkleppinge: De Westhoek
- 1989 – De Van Harens en Wolvega
- 1992 – Huus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt (ûnder red. fan Fokke Middendorp)
- 1995 – Fokke van Lute op 'e Tekst over Aant Heida, Jan van Schoot en Johannes Wardenier (as Fokke van Lute)
- 1997 – Het land van Stellingwerf Toen en Nu in Woord en Beeld
- 1998 – Weststellingwerf in Vogelvlucht
- 2006 – Fokke van Lute Vertelt: Verhalen over de Geschiedenis van Weststellingwerf (as Fokke van Lute; mei Ike Naafs-Loman)
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1996 | H.J. Bergveld-priis | wûn | bêste Stellingwerfsktalige boek | Huus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side. |