Fokker C.V.


Rol Ferkenningsfleanmasine/bommesmiter
Makker Fokker
Yn tsjinst 1925
Ut tsjinst
Tal makke 955 (totaal alle ferzjes)
Grutste brûkers Nederlân, Itaalje, Noarwegen, Sweden, Hongarije, Denemark, Finlân
Farianten C.VI (mei lichtere motor), C.Vb, C.Vc, C.Vd, C.Ve

De Fokker C.V. wie in ferkenningsfleanmasine/bommesmiter dy't troch Fokker fan 1924 ôf boud waard. It wie in fuortsette ûntjouwing fan de Fokker C.IV dy't in soad súkses hie.

Finske Fokker C.V's

It fleantúch waard útrist mei in ferskaat oan motors fan 450 hk as mear. Deselde fleanmasine mei in lichtere motor hjitte C-VI. De C.V waarden fiif ferskillende ferzjes fan makke, mei ferskillende fleugelspanwiidten.

Type Beskriuwing Spanwiidte
C.V-A taktyske ferkenner 12,03 m
C.V-B strategyske ferkenner 13,33 m
C.V-C lichte bommesmiter 14,63 m
C.V-D jager, taktyske ferkenner 12,50 m
C.V-E bommesmiter, strategyske ferkenner 15,30 m

De C.V waard yn 1925 troch de Nederlânske Loftfeartôfdieling oanskaft. Yn 1936 waarden in stikmannich bybesteld, totaal wienen it 67 C.V's. Maaie 1940 wienen der noch 34 yn it wurk. Tusken 10 en 14 maaie hawwe dy âlderwetske tastellen ferskate missy's útfierd, ûnder oaren boppe de Grebbeliny. Dochs giene der net folle ferlern.
De Marine Loftfearttsjinst en de ML-KNIL hawwe ek mei de C.V. flein.[1].

Denemarken kocht 19 eksimplaren en boude der 23 yn lisinsje.[2] A.P. Botved fleach dêrmei fan Kopenhagen oer Yndia nei Tokyo, en oer Sibearje werom nei Kopenhagen.

De Sweedske Loftmacht kocht 1927 ien Fokker C.V-D en ien Fokker C.V-E. Begjin 1928 waard in oerienkomst tekene dy't Sweden it rjocht joech om beide farianten yn lisinsje te meitsjen. Dat barde yn fabriken te Malmen. Teffens waarden seis C.V-D'S en fjouwer C.V-E's by Fokker kocht. Sweden boude 35 Fokkers fan 1929 oant en mei 1935. [3] In Sweedske C.V mei sky's rêde de Italjaanske poalûndersiker Umberto Nobile doe't er yn 1928 op in iisskosse fêst siet.[4]

1928 helle de Noarske loftmacht 5 Fokker C.V's oan. Haerens Flyvemaskinfabrikk (HF) yn Kjeller krige it foech om de C.V yn lisinsje te bouwen. HF levere 15 C.V-E' s en 27 C.V-D' s oan de Noarske loftmacht. [5] April 1940, wiene noch sa'n 40 Fokkers C.V, ferspraat oer Noarwegen, aktyf. De âldfrinzige C.V foldie net mear as jager, mar koe sines noch wol dwaan by it bombardearjen fan doelen yn en om Narvik hinne.[6]

Yn Itaalje waard it tastel makke as I.M.A.M.(Romeo) Ro.1. It fleantúch is brûkt yn Somaalje, Lybje en yn de Twadde Italjaansk-Etiopyske Kriich.

Spesifikaasjes

bewurkje seksje
  • Rol: Ferkenner/lichte bommesmiter/escortejager
  • Bemanning: 2
  • Lingte: 9,53 m
  • Spanwiidte: 12,50 m
  • Hichte: 3,30 m
  • Fleugeloerflak: 46,10 m²
  • Gewicht leech: 1315 kg
  • Maks. gewicht: 1915 kg
  • Motor: Rolls-Royce Kestrel XI, 388
  • Krúsfaasje; 205 km/o
  • Topfaasje: 225 km/0
  • Aksjeradius: 1000 km
  • Tsjinstplafond: 5500 m
  • Bewapening:
    • Boardgeskut: 1 masinegewear (kaliber 7.9 mm.), nei foaren rjochte en 1 op ring foar waarnimmer
    • Bommen: 16 fan 8 kg of 4 fan 50 kg.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) Alting, Peter - Fokkers in uniform, driekwart eeuw militaire Fokkervliegtuigen - Rebo, Sassenheim, ISBN 90 366 0352 8
  2. (ned) Hooftman, Hugo - Van Brik tot Starfighter, I. Met stofbril en leren vliegkap, 1963, La Rivière en Voorhoeve, Swol
  3. (in) Military Aviation in Sweden
  4. (ned) Hooftman, Hugo - Fokker, Neerlands grootste vliegtuigbouwer- Arti, Alkmaar
  5. (in) Fokker C.V op War over Holland
  6. (in) Fokker C.V op Noarsk Loftfeartsmuseum