Narvik
Narvik is in stêd en in gemeente yn de provinsje Nordland yn Noarwegen. It plak dat yn 1902 stedsrjocht krige, hie yn 2022 21.530 ynwenners. Mei syn lokaasje op 68° noarderbreedte is er nei it Russyske, krekt wat noardliker lizzende Moermansk, de meast noarlike stêd yn Europa mei in spoarstasjon. Narvik leit oan de Narvik Fjord (Ofotfjord). De gemeente is part fan de tradisjonele regio Ofoten yn Noard-Noarwegen.
Narvik | ||
Narvik | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Nordland | |
Gemeente | Narvik | |
Sifers | ||
Oerflak | 2.023 km2 | |
Ynwennertal | 21.530 (2022) | |
Befolkingstichtens | 6 inw./km | |
Oar | ||
Stifting | 1902 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Webside gemeente Narvik | ||
Kaart | ||
Narvik mei syn iisfrije haven oan de waarme Golfstream, wie in spearpunt by de Dútske ynvaazje fan Noarwegen yn april 1940. Ut Narvik wei koe izererts út it neutrale Sweden nei Dútslân (fral Emden) ferfierd wurde. Narvik is ek letter yn de Twadde Wrâldkriich geregeldwei bombardearre troch de Alliearden en de Dútsers om de haven te blokkearjen as wol om him frij te hâlden foar de skipfeart nei Dútslân.
Namme
bewurkje seksjeIt plak is neamd nei in pleats mei de namme Narvik ("Narduigh" - 1567). De betsjutting fan it earste elemint is 'net witten', mar vik betsjut 'ynholte'.
Narvik hiet yn 't earstoan Victoriahavn nei Victoria fan it Feriene Keninkryk, mar ek de kroanprinsesse fan Sweden, Victoria waard mei de namme eare.
Galery
bewurkje seksje-
Narvik leit 2407 km fan de noardpoal
-
It spoar yn Narvik
-
Narvik en Ofotfjord fan de Fagernes ôf sjoen
-
Narvik yn 'e wintermoannen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|