Fokker F28
Fokker F28 Fellowship | |
---|---|
Rol | Ferkearsfleanmasine |
Makker | Fokker |
Untwerper | Fokker |
Earste flecht | 9 maaie 1967 |
Yn tsjinst | 1969 |
Ut tsjinst | Beheind gebrûk |
Tal makke | 241 (1967-1987) |
Brûkers | sjoch tekst |
De Fokker F28 Fellowship is it earste fan Fokker makke ferkearsfleantúch mei strielmotors. It tastel waard ûntwurpen foar de koarte- en middellange ôfstân en hie plak foar 65 passazjiers. Hy is spesjaal ornearre om fan lytsere, regionale fleanfjilden te operearjen.
It tastel hie in "speedbrake", yn de sturt ynboude rimflappen. Oant dan ta waard sa'n systeem allinne op militêre fleantugen tapast.
De langer ferzjes Mk 2000 en Mk 4000 koene 85 passazjiers ferfiere.
De bou fan de F28 barde yn 'e mande mei Hamburger Flugzeugbau (it eardere Blohm & Voss), Vereinigte Flugtechnische Werke (VFW) beide út Dútslân en Short Brothers & Harland út Belfast (Noard-Ierlân). Sundstrand, Westinghouse en Rolls-Royce leveren ek ûnderdielen.
It earste prototype, de PH-JHG, waard ferneamd nei Fokker syn sjef-ûntwerper, J.H. Greidanus. De earste flecht wie op 9 maaie 1967. Dat tastel waard flein troch de testpiloten Andreas ("Jas") Moll (gesachfierder), Abe van der Schraaf en boardwurktúchkundige Cees Dik. De flecht waard makke fan Schiphol wei en duorre 1 oere en 25 minuten.
It tastel waard ek kocht troch de Nederlânske oerheid en brûkt as "Regearingsfellowship".
Brûkers
bewurkje seksjeDe folgjende loftfeartaatskippijen hawwe de Fokker F-28 (nije- en twadde-hânsfleantugen):
- Aerolíneas Argentinas
- Aero Peru
- Air Anglia
- Air Gabon
- Air Ivoire
- Air Nauru
- Air Niugini
- Air Ontario
- Air Tanzania
- Aviaction
- Ansett Airlines of Australia
- Biman Bangladesh Airlines
- Braathens
- Burma Airways
- Canadian Regional Airlines
- Cimber Air
- Delta Air Transport
- East-West Airlines
- Flight West Airlines
- Garuda Indonesia
- Germanair
- Ghana Airways
- Iberia Airlines
- Itavia
- KLM
- Linjeflyg
- LTU
- Martinair
- Merpati
- Montenegro Airlines
- Nigeria Airways
- Pelita Air Service
- Quebecair
- Royal Swazi National Airways
- TAME, Línea Aérea del Ecuador
- Turkish Airlines
Spesifikaasjes
bewurkje seksjeGegevens | -1000 | -2000 | -3000 | -4000 |
---|---|---|---|---|
Langte: | 27,40 m | 29,61 m | 27,40 m | 29,61 m |
Spanwiidte: | 23,58 m | 25,07 m | ||
Fleugeloerflak: | 76,40 m² | 78,97 m² | ||
Startgewicht ten heegste: | 29.485 kg | 33.110 kg | ||
Maks. faasje: | 849 km/o | 843 km/o | ||
Sitplakken: | 65 | 85 | 65 | 85 |
Fleanberik: | 2.000 km | 1.350 km | 2.743 km | 1.900 km |
Tsjinstplafond: | 10.675 m | |||
Oandriuwing: | 2× Rolls-Royce Spey MK555-15 | 2× Rolls-Royce Spey MK555-18H |
Ferzjes fan de F28
bewurkje seksje- F28 Mk.1000: 97 makke
- F28 Mk.1000C: 4 makke
- F28 Mk.2000: 9 makke
- F28 Mk.3000: 17 makke
- F28 Mk.3000C: 2 makke
- F28 Mk.4000: 112 makke
- F28 Mk.6000: 2 makke
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fokker F28 Fellowship fan Wikimedia Commons. |