Folksferhalen fan Hoarnstersweach

Dizze side behannelet in rige folksferhalen fan Hoarnstersweach.

  • Yn Hoarnstersweach wenne in keardel, dy wie ôfgryslike sterk. Dy die like folle as acht oaren meielkoar, dat liich ik net. Hy hie read hier, it wie in grouwe keardel en goed oan 'e lingte. As wy graefwurk dienen, dan reinde it spitten mei him (fêstlein 1968).
  • Yn Hoarnstersweach wenne in hiele sterke keardel. Op in kear doe wienen guon dwaende om in hiele grouwe beam op in wein to lizzen. Hy seach dat se der mei oan wienen, dêrom sei er: "Lit mar los, mannen, ik sil 't wol even foar jim dwaen. Gean mar wei." En doe lei hy dy beam allinnich op 'e wein, earst de swiere kant, doe de lichte kant. Mar dy mannen bedankten him net iens. Sy gongen yn 'e kroech om in buorrel en lieten him stean. Doe tocht er: "Ast jim dan sa'n bytsje wurdich is, dan sil 'k jim wol ha." En hy naam de beam wer fan 'e wein ôf en lei him kreas wer op 'e groun (fêstlein 1969).
  • Der wenne in boerke yn Hoarnstersweach, dy stie der finansjeel net sa bêst foar. Hy frege in lytsfeint en dy krige er. Dy jonge wie dêr in skoftsje, doe gong dêr in barchje dea by dy boer. De boer tocht: "Ik slachtsje dat barchje, dat komt net yn 'e groun. Dat kinne wy wol meielkoar opite." Hy slachtet it en hja bihimmelen it meielkoar. Sy ieten der lekker fan. Doe't it barchje goed en wol op wie, stoar der in skiep. Doe slachte it boerke dat skiep ek en dat gong ek ta 't kielsgat yn. De lytsfeint tocht: "Nou sil 't my ris binije - as dat skiep op is, hwat wy dan fierder ha matte." De âlde beppe wenne by harren yn - dat wie de frou har mem - en dy wie tige siik. En, doe it skiep sahwat op wie, doe kom 't âld-minske to forstjerren. De jonge tocht: "Nou smeer ik 'm, hwant no komt âlde beppe aenst op 'e tafel en dêr wol 'k net in stikje fan ha." (fêstlein 1969).
  • Yn Hoarnstersweach spûke in man om mei in brijpot om 'e hals. Dêr waarden de bern bang mei makke (fêstlein 1951).
  • It ferhaal giet dat efter de dikke stien in jonkje sit te skriemen omdat hy de stien net meinimme kin, omdat dy net yn syn bûse past.
  • It fersteurde skatlichten

Dêr't de âlde trambrêge oer de Kompanjonsfeart lei — der rint no in nije dyk by lâns fan Wynjeterp nei Donkerbroek — dêr leit oan 'e rjochterkant in Iyts boskje mei in dobbe der yn. Op âlde kaarten en ek yn 'e Schotanusatlas stiet op dat plak: Bonifacius Capelle.

De hjitting wie, dêr siet in pot of in amer mei jild ûnder yn dy dobbe. Foar en nei hienen ferskate minsken dwaande west om dat der út te krijen, mar it wie sa freeslike swier, dat it slagge noait.

Op in kear — it is wit- ende withoelang Iyn — wienen der in pear mannen oer gear en dy hienen in wizebeam of pontsjer oer dy put hinne lizzen. In jonge dy't dûke koe hie dêrûnder in tou fêstmakke oan dy pot of wat dêr mar wie.

Se wienen al in hiel ein hinne mei it lichten, doe kaam der flak njonken har in koets oan riden. It wie deftich spul, dat wie doe hiel wat besûnders foar dy hoeke. Twa wite hynders draafden der foar, it spul ried de kant fan it Hearrenfean út, foarsafier't dan Hearrenfean yn dy tiid al bestie. Se seagen de koets nei en se wienen poernijsgjirrich wat spul as dat wie, mar by it lichten fan in skat mei net praat wurde, dat se takelen fierder, en de wizebeam begûn al in bytsje troch te bûgen.

It stee dêr't dy dobbe yn is leit wat heech, men hat in goed eachweid dêrfandinne, en doe seagen se in man oankommen op dat pa of dy sândyk en dy man kreupele. Doe't er besiden har wie, sa'n meter of tweintich, fiifentweintich fan har ôf, rôp er: 'Ha jim hjir ek in koets lâns kommen sjoen?'

Dy mannen by de dobbe mochten neat sizze, mar ien knikte doch mei de holle. Doe frege dy man: 'Soe'k him noch ynhelje kinne?' De mannen dy't mei alle macht oan it tou loeken, seagen krekt de boppekant fan 'e grutte pot. Se wisten dat dit it wie wêr't se al sa lang om sochten. Se koenen der gjin fersteuring by ha. Dat ien fan harren waard koart en dy rôp werom: 'Do brykpoat, dat hellesto noait!' En mei dat er dy wurden sei, knapte de wizebeam midstwa en de hiele saak foel wer nei ûnderen. Dizze mannen, noch wa ek letter, hawwe noait wer dat jild krije kinnen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fêstlein 1973: Ype Poortinga: 'De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen'. Baarn (etc.) 1979, p. 133-135