In folmole of foldersmole is in yndustrymole dy't brûkt waard om te 'foljen'.

Eardere Folmûne út 1631, op de eftergrûn stellingmole 't Slot

Foljen is in neibewurking fan weefde wollen stof dêr't de kwaliteit sterk troch ferbettere. Dy wollen stof wie in tuskenprodukt fan de lekkenyndustry. De bedoeling wie om de weefselstruktuer tichter en fêster te meitsjen. Om dat klear te krijen moast de stof oerenlang, foar sommige kwaliteiten sels dagen oanien, knette wurde. Dêrta stienen yn de begjintiid foetfolders yn in kûpe en stampten mei harren fuotten op it wiete lekken. Dêrby waarden tafoegings lykas ierde, urine en sjippe brûkt om it ferfiltsjen te befoarderjen.

Letter waarden folmoles, oandreaun troch hynders, wyn of wetter tapast, dy't mei houten stampers it lekken bewurken.

By de mei wetter oandreaune folmole koe it skeprêd útwindich fan de mole oanbrocht wêze, mar yn de stêden wie dat meastentiids ynwindich. It wetter streamde dan ûnderlâns de mole troch in dûker.