Fonteintsjerke (Bûtenpost)
De Fonteintsjerke waard foar de Grifformeard-frijmakke gemeente fan Bûtenpost boud. Nei de tsjerkefúzje yn 2023 is it ien fan 'e tsjerken fan 'e Nederlânske Grifformearde Tsjerken.
Fonteintsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Bûtenpost | |
adres | De Achtkant 48 | |
koördinaten | 53° 14' N 6° 08' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Nederlânske Grifformearde Tsjerken | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1977 útwreiding 1993 | |
Webside | ||
fonteinkerkbuitenpost.nl | ||
Kaart | ||
Gemeente
bewurkje seksjeDe grifformeard-frijmakke gemeente fan Bûtenpost ûntstie yn 1945, nei't likernôch 130 minsken harren losmakken fan 'e Grifformearde gemeente, dy't trou bleau oan 'e synoade.
Gebou
bewurkje seksjeDe frijmakke grifformearden tsjerkten ynearsten yn in Nutsgebou oan 'e Kuiperswei. Yn 1949 ferhûze de gemeente nei in echt tsjerkegebou oan 'e Irenestrjitte 12, dy't neffens in ûntwerp fan P. van Loo boud wie.[1] It gebou waard te lyts en yn 1977 liet de gemeente troch de arsjitekt De Vries út Droegeham in nije tsjerke bouwe oan 'e Achtkant, wêr romte wie foar 160 minsken. Fanwegen de oanwaaks fan nije leden moast de tsjerke yn 1993 wer fergrutte wurde. Fyftjin jier letter wie de tsjerke wer te lyts. Yn 2008 waard de neffens tekeningen fan it Ljouwerter arsjitektenburo Klamer ferboude Fonteintsjerke op 'e nij iepene. De tsjerke biedt no plak oan 500 minsken.[2]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan 'e Fonteintsjerke waard yn 1977 kocht fan 'e herfoarme Maranathatsjerke yn Lunteren. Oarspronklik stamt it ynstrumint út 1860. De oargelmakker Norbertus Stephanus Leijser boude it doe ienmanualige oargel mei njoggen registers foar de Herfoarme tsjerke yn Gendt. Yn 'e jierren 1950 waard it oargel, dat oan it ein fan 'e Twadde Wrâldkriich slim skeind rekke, renovearre. Brek oan jild makke dat it oargel fan 'e njoggen mar fiif registers oer hold. It ferhûze yn 1968 nei Lunteren, dêr't it yn in moderne oargelkas kaam te stean. By dy gelegenheid krige it oargel in frij pedaal en waard it oargel útwreide nei twa manualen. Ek waarden der nije registers tafoege. Yn 1977 fûn der noch ris in útwreiding fan it ynstrumint plak mei in dwerswurk fan fiif stimmen. Om't de tsjerke yn Lunteren in grutter oargel ha woe, waard it oargel yn 1996 te keap oanbean en sa kaam it yn 'e Fonteintsjerke telâne.
It Grinslânkse oargelbedriuw Mense Ruiter fersoarge de restauraasje en de ferhuzing fan it ynstrumint nei Bûtenpost. It ynstrumint, dat mei de ferhuzing op 'e nij útwreide waard mei trije registers, waard op 30 juny 1999 yn gebrûk nommen.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|