Fort Yates (Noard-Dakota)
Fort Yates (útspr.: [fɔɹt jeʦ], likernôch: "fort jeets"; Arikara: Iinakanítwi) is in stêd (formeel teminsten) oan 'e eastlike grins fan Sioux County, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota. It is sawol it haadplak fan Sioux County as fan it Standing Rock Yndianereservaat (Standing Rock Indian Reservation), dat him oer de grins útstrekt nei Súd-Dakota. Yn Fort Yates binne û.m. it haadkertier fan 'e Standing Rock Sû Stamme (Standing Rock Sioux Tribe) en it Standing Rock-agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige. Neffens in offisjele skatting út 2012 lei it ynwennertal fan Fort Yates doe op 191 minsken.
Fort Yates | ||
It Sittende Bolle Monumint, bûten Fort Yates. | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Noard-Dakota | |
County | Sioux County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 191 (2012) | |
Oerflak | 0,2 km² (ynkl. wetter) 0,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.184,1/ km² | |
Hichte | 498 m | |
Oar | ||
Stifting | 1863 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Koördinaten | 46°05′06″N 100°37′49″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Fort Yates yn Sioux County en yn 'e steat Noard-Dakota. |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1863 waard der in foarpost fan it Amerikaanske Leger op it plak fan it hjoeddeiske Fort Yates stifte, mei as doel om 'e Yndianen yn it gebiet yn 'e rekken te hâlden. It fort waard yn 1878 ferneamd nei kaptein George Yates, dy't twa jier earder omkommen wie yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. It fort soe letter yn 1903 opheft wurde.
Yn 1868 waard as útfloeisel fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, tusken de Lakota en de Amerikanen, it Grutte Sû Reservaat stifte. Yn 1889 waard it Grutte Sû Reservaat de helte lytser makke, wylst it restant opdield waard yn fiif lytsere reservaten. Ien fan dy fiif wie it Standing Rock Yndianereservaat, dat der doe in stik yn Noard-Dakota by krige dat foartiid net ta it Grutte Sû Reservaat heard hie. Fort Yates lei yn dat tafoege stik, en waard it haadplak fan it nije reservaat.
Yn 1890, doe't it grutte Lakota-opperhaad Sittende Bolle by in jammerdearlik misrûn besykjen ta arrestaasje omkommen wie, waard er yn in troch legertimmerlju makke deakiste begroeven deunby Fort Yates, dêr't noch altiten in monumint foar him stiet, en dêr't tichteby teffens it Sittende Bolle Kolleezje fêstige is. Yn 1953 groeven Sittende Bolle syn neikommelingen wat nei bêste witten syn stoflik omskot wie op, en werbegroeven it yn 'e neite fan Mobridge, yn Súd-Dakota, wat syn (mooglike) berteplak wie.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Fort Yates 9,8% âlder as 65 jier en 31,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 34,8% fan 'e húshâldings út ien persoan. Neffens âldere gegevens út 2000 libbe doe 14,4% fan 'e befolking fan Fort Yates ûnder de earmoedegrins (foar it befolkingssegmint fan boppe de 65 jier lei dat sifer op 17,6%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 92,4% Yndianen; 3,2% blanken; 2,2% Latino's; 2,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Klimaat
bewurkje seksjeFort Yates hat in lânklimaat, mei waarme simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,2 °C, en yn febrewaris, de kâldste moanne, is dat –3,5 °C. Fort Yates kriget jiers trochinoar 443 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 91,9 sm snie
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |