Foutebuorren
Foutebuorren (of Fontebuorren) is in buorskip yn de gemeente Ljouwert. Foutebuorren leit tusken Aldskou en Abbenwier oan de noardkant fan de Nije Wjittering. De namme fan de buorskip wurdt mar selden mear brûkt. Der hawwe trije pleatsen stien, mar lange tiid stie der op Foutebuorren mar ien pleats, dy't yn 2002 sloopt is. Tsjintwurdich steane der twa wenten op de hiemterp fan Foutebuorren. Yn Jirnsum is in strjitte nei de buorskip neamd.
Namme
bewurkje seksjeYn in Aldfryske Oarkonde uit 1488 wurdt ek de namme Fonte(r)buorren brûkt. Yn 1531 hjit it ek wol Foutaburen, yn 1698 Foute Buuren en de Schotanusatlas fan 1718 hat it oer Foute Buiren. Neffens it Frysk Wurdboek betsjut foute 'ferdjipping, ûntstien troch ôfgraving. Eartiids wie der by Foutebuorren ek in lichte dy't by 't hjerst en winterdeis ûnder wetter stie. De reed nei ien fan de pleatsen rint ek wat op en it wenhûs leit wat heger as it omlizzende lân. It is net ûnmooglik dat de foute ûntstien is troch ôfgraven fan in terp. Boaiemfynsten rôpen by archeologen de fraach op oft dêr in úthôf fan it eardere kleaster Ealsum stien hawwe koe.