Frânske Skoalle (De Jouwer)
De Frânske Skoalle oan de Midstrjitte op De Jouwer wie in bysûndere skoalle dy't bestie fan 1843 oant 1880.
Wylst de besteande Latynske Skoalle hast gjin learlingen mear hie, ûntstie op De Jouwer al gau ferlet fan in skoalle foar mear útwreide ûnderwiis. Oars as de Latynske skoallen waarden op Frânske skoallen ek moderne talen ûnderwiisd. Yn hannelsplak De Jouwer wie geandewei mear ferlet fan in oplieding dêr't de jonges foar de hannel en yndystry oplaat waarden. Mei dat doel waard yn 1843 [1], in saneamde Bysûndere skoalle fan de 2e klasse oprjochte foar it ûnderwiis yn de nijere talen. De ûnderwizer moast akten ha foar Frânsk, Dútsk en Ingelsk. Sokke partikuliere skoallen waarden Frânske skoallen neamd.
Skoallehaden
bewurkje seksjeOp 27 febrewaris 1843 waard Jacobus Nieuwveen Rzn. as skoallehaad. Hy troude op 25 maaie mei Barteltsje Halbertsma, fan Grou. Hja wie in dochter fan B.H. Halbertsma. Hy krige gjin fêst traktemint en moast sels foar in lokaal soargje. Syn ynkomsten wiene de skoaljilden fan de learlingen. Yn advertinsjes yn de Ljouwerter Krante neamde hy himsels 'ynstituteur' en hy hold ek kostlearlingen. Nieuwveen hie de skoalle oant de simmer fan 1855, doe't Folkert W. Hellema, (ek in 2e ranger) syn wurk oernaam op 9 july 1855. Hellema wurke dêrfoar al in skoft as sekondant.
Yn april 1856 waard oan de kostskoalle in sekondant tredde rang frege; salaris ƒ50 à ƒ75 boppe kost en ynwenning. Hellema wie by syn ferstjerren yn 1863 noch mar 35 jier. Syn widdo wie J.C. Nederveen. Yn de Ljouwerter Krante fan 23 jannewaris 1863 waard in opfolger frege oan dizze Bysûndere Frânske skoalle foar Dei- en Kostlearlingen.
Jan Gaauw, in pensjonearre haad fan de Burgerskoalle, joech ek lessen oan dizze skoalle, dy 't doe 'Institút voor Jonge Heeren te Joure' neamd waard. Wyls hie Lucas Bogtstra, helpûnderwizer oan de Boargerskoalle by Van Albada, yn de hjerst fan 1858 op De Jouwer ek in bysûndere (partikuliere) skoalle iepene, dy 't lykwols yn 1860 al opheft waard, doe't Bogtstra nei Indië gie.
Op 7 april 1863 kaam Johannes Adrianus Marinus van der Brugh, as opfolger fan Hellema oan it haad te stean fan de no troch de gemeente mei ƒ 300 subsidearre Bysûndere Dei- en Kostskoalle foar MULO op De Jouwer. Hy hie 'sekondant' west oan sa'n soarte skoalle yn De Haach. Oan de Jouster skoalle wie ek in sekondant, mar net lang want de skoalle rûn werom. Yn 1868 waarden de gebouwen troch de gemeente oankocht foar ƒ 6500. Doe't Van der Brugh op 1 april 1869 nei sa'n ynrjochting yn Noordwijk gie, waard de oankochte wenning oan It Sân it skoalhûs foar it haad fan de Boargerskoalle, L.B. van Albada.
MULO
bewurkje seksjeDochs bleau de Frânske skoalle op De Jouwer noch bestean. Beneamd waard Jacobus Japikse út Grins, dy't mei in gemeentlike subsydzje fan ƒ 300, op 1 maaie 1869 de skoalle weriepene. Hy hie yn Grins dosint west oan in tariedende skoalle foar middelber en heger ûnderwiis. Hy wie de heit fan historikus dr. N. Japikse, dy't ûnder oare de Skiednis fan it hûs fan Oranje skreau. Yn 1880 besleat de gemeenteried fan Haskerlân, dizze bysûndere subsidearre skoalle foar MULO oer te nimen as iepenbiere gemeenteskoalle, mei yngong fan 20 oktober 1880. De hear Japikse bleau haad. De skoalle waard ûnderbrocht yn de skoalle oan de Midstrjitte. Sa hie De Jouwer yn 1880 trije iepenbiere skoallen foar fuortset ûnderwiis: de Burgerskoalle en de MULO yn de Midstrjitte en de Earmeskoalle oan 't Sân.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|