Latynske Skoalle (De Jouwer)

De Latynske skoalle wie in eardere partikuliere skoalle oan de Midstrjitte op De Jouwer. Latynske skoallen kamen yn de njoggentjinde iuw rûnom yn Europa foar. De skoalle joech opliedings oan jonges út de hegere en middenklasse as tarieding op in religieus amt of in stúdzje oan de universiteit. Latyn wie doe de taal fan de wittenskip en wie ûnmisber foar hegere stúdzjes. It lesprogramma bestie dan ek foar it meastepart út Latyn. De Jouster skoalle waard al yn oktober 1593 neamd as de rektor in talage krijt fan de Fryske Steaten. De oplieding rekke nei 1785 yn ferfal, al bleau se yn namme wol bestean. Nei in oplibbing wiene der yn 1860 neffens it provinsjaal ferslach noch trije learlingen, mar yn guon jierren net ien. De rektors wiene destiids faak kandidaten yn de teology. Se krigen yn 1850 jierliks ƒ 150 fan it ryk. Mei it emeritaat fan dûmny J.J. Wassenaar op 1 jannewaris 1861 gie de Jouster skoalle ticht. Neidat de skoalle yn 1905 ôfbrutsen wie waard dêr in nij postkantoar boud.

Oare plakken mei in Latynske skoalle wiene Harns, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Snits, Dokkum, Ljouwert, Warkum, Hylpen, Drylts en Kollum.[1]

Rektors bewurkje seksje

Understeande list mei nammen is mooglik net kompleet. De nammen komme ûnder oare út provinsjale almenakken:

  • 1599 - S. Scotus / Scholtetus Regneri
  • 1606 - dr. Carolus Crantz, medysk dokter en rektor op De Jouwer. Yn 1611 hjit hy dr. Carolus Cardanus, en wie fan de kollatoaren fan it Us Leaffrou ter Noodt Leen yn Frjentsjer. Hy wie ek yn 1615 noch rektor op De Jouwer. De Jouwer krige doe jierliks 150 karolusgûnen fan de Steaten foar syn rektor. Op 30 july 1619 is sprake fan in konrektor, Mr. Dirck Dircks, neamd, "nu ter tijd wonende op de Joure".
  • 1623 - 1628 - Tietgerus Ruwardi Schotanus
  • 1629 - Carel Crantz. Hy wie yn septimber 1644 medysk doktor en rektor. Yn july 1645 wie hy der ek noch.
  • 1647 - Paulus Johans, rektor (of rjochter?) op De Jouwer.
  • 1657 - Jacobus Keverling, hy waard yn 1666 neamd om syn drankmisbrûk troch dr. Cuperus. De klassis Sânwâlden bemuoide him der mei yn 1666, 1669 en 1670. Dat hy net ôfsetten waard kaam troch de lankmoedigens fan de klassis. Drankmisbrûk kaam destiids folle faker foar. Yn july 1675 wurdt Antie Pieters neamd as frou fan de rektor op de Jouwer (nei alle gedachten noch wol fan Keverling). De famylje Keverling wennet dus al ier op De Jouwer: yn septimber 1695 wie mr. Petrus Keverling, sjirurgyn op De Jouwer.
  • 1682 - Franciscus Bruna
  • 1686 - Warkum Regnerus van der Molen. Yn 1692 waard hy as predikant beroppen yn Hoarnstersweach, dêr't hy yn 1727 ferstoar. Yn de Spaanske suksesje-oarloch hie hy legerpredikant west. Syn soan Bernardus Lemstra van der Molen waard rektor fan de Latynske skoalle yn Warkum.
  • 1702 - Henricus Engeling
  • 1726 - Petrus Hilarides, yn 1734 waard hy nochris neamd.
  • 1750 - Johannes Martinus Vos, hy troude mei Rinske Munnik. Hy hat oant syn ferstjerren yn 1785 rektor west.
  • 1785 - Gerbrandus Petri Bruining. Yn 1786 gie hy as praeceptor (tredde master) nei de Latynske skoalle yn Harns.[2]
  • 1801 - der waard der wer in rektor frege. De funksje komt yn 1811 wer frij fanwege ferstjerren.
  • 1810 - predikant Koumans Brouwer. Op 5 maart 1818 wurdt út De Jouwer wei nei de LJouwerter Krante skreaun:" De oude Latijnse school alhier, door den drang der tijden genoegzaam verstorven, is thans als uit haar graf verrezen door een Kon. Besluit, terwijl heeren Curatoren daartoe door Z. Exc. den Commissaris-generaal van het Onderwijs, etc. en den Heer Gouverneur dezer Provincie geauthoriseerd, den post van Rector hebben opgedragen aan Ds. P. Koumans Brouwer, alhier." Koumans Brouwer ferstoar op 5 juny 1825 overleden. Op 21 desimber 1820 hâlde hy in lykrede op Elias Annes Borger, kort tevoren overleden.
  • 1825 - Jarigs Wassenaar. Yn 1850 wienen der neffens it Provinsjaal ferslach noch trije learlingen, mar yn guon jierren net ien. De soan fan dûmny Wassenaar hie om 1840 hinne ien fan de lêste learlingen west. Hy waard yn 1846 dûmny yn Nijehaske.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: