Frédéric Chopin
Frédéric François Chopin, eigentlik Fryderyk Franciszek Chopin (Żelazowa Wola, nei alle gedachten 22 febrewaris (doopdatum: 1 maart) 1810 - Parys, 17 oktober 1849) wie in Poalsk komponist en firtuoas pianist út de romantyk. Hy wurdt algemien beskôge as de grutste komponist dy't Poalen ea fuortbrocht hat en jildt as ien fan de grutste toandichters út de muzykskiednis.
Syn ambysje as pianist en komponist blykt út it feit dat hy al op sânjierrige leeftyd syn earste komposysjes útjaan kind hat: in polonêze yn g lytse terts en in polonêze yn Bes grutte terts. Op syn achtste jier joech hy syn earste iepenbiere konsert.
Chopin is de pianokomponist by útstek. Hy hat syn komposysjes foar in diel inte op Poalske muzyk. Yn syn mazurka's en polonêzes binne Poalske ynfloeden werom te finen. Dêrneist is hy ek tige bekend om syn ballades, nokturnes, études en walsen.
List fan wurken
bewurkje seksje- piano: Albumblêd; 'Allegro de Concert'; Andante Spianato et Grande Polonaise; Andantino; 4 Ballades; Barcarolle; Berceuse; Bolero; 2 Bourrées; Kanon; Cantabile; Kontradûns; 3 Ecossaises; 27 Études; Fantasij; Fuga; 4 Impromptu's; Largo; 51 Mazurka's; 2 Marsen; 21 Nokturnes; 16 Polonêzes; 26 Préludes; 4 Rondo's; 4 Scherzi; 3 Sonates; Tarantelle; 4 Fariaasjewurken; 20 Walsen;
- piano-fjouwerhandich: 1 Fariaasjewurk;
- 2 piano's: 1 Rondo;
- fluit/piano: 1 Fariaasjewurk;
- cello/piano: 'Grand Duo'; Yntroduksje & Polonêze; Sonate;
- fioele/sello/piano: Trio;
- zang/piano: 19 Lieten (Pools)
- piano/orkest: 'Grande Polonaise'; 'Grande fantaisie sur des airs polonais'; 'Krakowiak'; 2 Pianokonserten; 1 Fariaasjewurk.
Media
bewurkje seksje- European Archive Rjochtenfrije opnames fan Chopin Lp's, op het Europees Archief
- Chopin: the poet of the piano Anh Tran
- Ballade nr. 4 (midi), fan: Mutopia
- Recordings of Chopin