De piano is in slachynstrumint ek wol snaarynstrumint neamd, út de siterfamylje dy't bespile wurdt mei in klavier.

Buffetpiano
Fleugel
De Pianoles, Henriëtte Ronner-Knip (1897)

De orizjinele namme is eins pianoforte, wat letterlik sêft en sterk betsjut. Dêrmei wurdt oanjûn dat der lûd en sêft op te spyljen wie, eat dat by it klavesimbel, ien fan de foarrinners fan de piano, sa goed as net mooglik wie. Omdat de namme fierder ynkoarte is ta piano, hat de term pianoforte ûnderwilens de betsjutting krigen fan autentyk ynstrumint fan de barok en klassike perioade. De húskeamerpiano (ek buffetpiano neamd) is meastal fertikaal opboud (steand) en de piano mei de snaren horizontaal wurdt fleugel of fleugelpiano neamd. De piano is yn 1700 útfûn troch Bartolomeo Cristofori yn Florence.

Yn rêst drukke sêfte filten dimpers tsjin de snaren, om trochklinken foar te kommen. Troch it deldrukken fan in toets wurdt dy dimper fan de oanbelangjende snaar ôf tild, en slacht in mei hurd filt beklaaide hammerkop tsjin de snaren. It triljen fan de snaren wurdt troch in kaam (foar it midden- en hegetoanegebiet) en in baskaam (foar it legetoanegebiet) oerbrocht nei de sjongboaiem sadat dy begjint te sjongen (resonânsje). As de toets loslitten wurdt, wurdt de dimper fuortdalik wer tsjin de snaar drukt sadat de toan ferstillet. Om it folume fan de klank grutter te meitsjen, binne de snaren yn it midden- en hegetoanegebiet dûbeld of sels yn trijefâld útfierd. De heechste toanen wurde ornaris net dimpt, omdat de heechste toanen folle koarter trochklinke.

De piano hat twa of trije pedalen:

  • It lofter pedaal bringt by de steande piano de hammerkoppen yn rêstposysje tichter by de snaren, sadat it lûd fan de oanslach sêfter wurdt; koartere ôfstân betsjut hjirby minder akseleraasje mei as gefolch minder krêft by it reitsjen fan de hammer op de snaren. De muzykterm foar dit pedaal is una corda. By in fleugel ferskoot dit pedaal nammentlik it hiele klavier ynklusyf meganyk, sadat de hammers yn stee fan de twa of trije snaren, de toets noch mar twa of ien reitsje, wat minder folume jout. As it pedaal op 'e nij yn de oarspronklike posysje brocht wurdt hjit dat tre corde, dat 3 snaren betsjut.
  • It rjochter pedaal (sustainpedaal) lit de toan trochklinke nei it loslitten fan in toets sadat mei it yndrukken fan dit pedaal alle dimpers fan de snaren helle wurde. As der praat wurdt oer mei pedaal spyljen dan wurdt steefêst it rjochter pedaal bedoeld.

As in tredde (middelste) pedaal oanwêzich is, kin soks ferskate betsjuttings ha:

  • moderatorpedaal of stúdzjepedaal dat in filtstripe tusken de hammerkoppen en de snaren bringt. Dit middelste pedaal is bedoeld foar it fêst setten as men oefenje wol sûnder tefolle lûdsoerlêst te feroarsaakjen. In soad steande piano's ha sa'n pedaal.
  • sostenutopedaal, dat alle snaren trochklinke lit dêr't de toets fan yndrukt is op it stuit dat it pedaal yntrape wurdt. Allinnich de gruttere fleugelpiano's en guon steande piano's lykas de Yamaha U3C ha sa'n pedaal.

De measte piano's ha 88 toetsen, mei in Ambitus (berik) fan A0 tot C8, (fan ''A oant c'''''), dat is in berik fan sân oktaven plus in lytse terts. It tal snaren kin de piano oars wêze. Soks hinget ôf fan de mensuer dy't troch de fabrikant brûkt is. De snaren fan in piano binne yn in jitizeren freem spand. De lûkkrêft op it freem fan alle snaren meiïnoar is sawat 18.000 kilogram. Alle moderne húskeamerpiano's binne krússnarich útfierd om de lingte/dikte/spanningsferhâlding optimalisearje te kinnen binnen de beheinings fan de jûne hichte fan de piano.

In fleugel is yn wêzen in piano wêrby't de snaren net steand, mar lizzend opsteld binne. Se binne meastentiids langer útfierd en klinke - benammen de leechste snaren - helderder, troch in bettere lingte/dikte/spanningsferhâlding. De fleugel ûntlient yn it Nederlânsk syn namme oan de flerkefoarm.

 
ynwindige fan in krússsnarige piano

Geregeld, foar piano's dy't yn wenkeamers steane sawat twa kear jiers, en yn alle gefallen as it ynstrumint in langer skoft bleatsteld wurdt oan fluktuaasjes yn temperatuer en luchtfochtigens, moat de piano stimd wurde: dat wol sizze de toanen moatte wer op de krekte ûnderling korrespondearjende hichten ôfsteld wurde. It stimmen fan in piano is in feardigens dy't de bespiler - de pianist yn de regel sels net hat. Der moat in spesjaal oplate pianostimmer foar komme.

It stimmen bart troch it ferdraaien fan de stimpinnen, dêr't de snaren oan fêstsitte. Dêrtroch feroaret de spanning en dêrmei de toanhichte fan de snaar. De ferdieling fan tolve toanen yn in oktaaf hat Pythagoras al kopbrekken jûn omdat de reinklinkende frekwinsjeferhâldings fan oktaven (1:2), kwinten (2:3) en kwarten (3:4) wiskundich net te ferienigjen binne. Dat lek en brek late yn earste ynstânsje ta in soad ferskillende stimmings. In foarbyld dêrfan is Werckmeister III.

Yn de tsjintwurdich (2007) brûkte lyksweevjende stimming wurdt dat manko lykmjittich ferdield. Dêrby kin yn alle toansoarten spile wurde omdat de toanen ûnderling dan sawat suver klinke. De ûnderlinge toanôfstannen wurde sa ferdield, dat de frekwinsjes fan alle toanen har ûnderinoar ferhâlde as de tolfdemachtswoartel út 2, dat is (ôfrûne) 1,0594631. It manko is by elk ynstrumint oars, dat komt troch de oan snaarynstruminten ynherinte komplisearre faktor ynharmonisiteit.

De kwaliteit fan in piano wurdt troch in tal faktoaren útmakke.

  • De mensuur fan it ynstrumint
  • De brûkte meganyk
  • De tichtens en opbou fan de sjongboaiem
  • De brûkte houtmaterialen
  • It spylaard fan it ynstrumint

Bekende pianobouwers

bewurkje seksje

De Luthéal is in soarte fan preparearre piano dêr't de klankkleur mei feroare wurde koe. Kwa lûd eat tusken in harp, in klavesimbel en in piano forte yn.

Elektroanyske farianten

bewurkje seksje

Der binne ek elektromeganyske en elektroanyske farianten fan de piano. De Fender Rhodes en Hohner Clavinet binne elektromeganysk. De Rhodes is lykwols gjin snaarynstrumint, mar in idiofoan en de Hoher Clavinet is in elektrysk Clavichord. Mei de komst fan digitale synaalferwurking en mikro-elektroanika binne ek folslein elektroanyske op samples basearre útfierings op 'e merk kommen, lykas digitale piano's. It elektroanysk neidwaan fan alle nuânses fan it lûd fan in akoestyske piano blykt noch altyd in slim stik. De Amerikaanske noiseband Liars brûkt yn it nûmer Leather Prowler in ynstrumint dat ûntwurpen is troch Yuri Landman, de Moodswinger. Troch de aliquote snaarkonstruksje fan dit ynstrumint hat dat yn de 1/3-posysje fan de tredde brêge in besibbe opset en lûd mei ien oktaaf út it register fan de Blüthner piano. Yn in tal resinsjes wurdt dat elektro-akoestyske snaarynstrumint dan ek betize mei in piano.

Jos Van Leeuwen, Michael Latcham en Jan Vermeulen, Wenen op vleugels, de pianoforte als kroniekschrijven van een kunstenaarsstad 1750-1880, útj. Alamire, Peer, 1998, ISBN 90-6853-137-9

Keppelings om utens

bewurkje seksje