Francis Gibson (bankier)

Francis Gibson (Saffron Walden, 1805Florâns, 1858) wie in foaroansteand Ingelsk bankier en ûndernimmer.

Francis Gibson
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 1805
berteplak Saffron Walden (Ingelân)
stoarn 1858
stjerplak Florâns (Itaalje)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt bankier, ûndernimmer

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Gibson waard yn 1805 berne yn Saffron Walden, yn it Ingelske greefskip Esseks, as de soan fan bankier Atkinson Francis Gibson (1763-1829). Hy wie in quaker, en troude op 7 maaie 1829 mei Elizabeth Pease, de jongste dochter fan spoarmagnaat Edward Pease. Hja krigen twa bern, Elizabeth Pease Gibson (1830-1870), dy't letter mei de abbekaat, politikus en filantroop Lewis Fry (1832-1921) troude, en Francis Edward Gibson (1831-1862).

Koart nei it sluten fan syn houlik waard Gibson troch de ynfloed fan syn skoanheit oansteld as direkteur fan 'e spoarmaatskippij Stockton and Darlington Railway. Neitiid wied er ien fan 'e fjouwer stifters fan it plak Middlesbrough. Hoewol't se te Saffron Walden wennen, brochten Gibson en de frou eltse simmer twa moannen troch op it bûten Balder Grange, dat se yn 1843 oankochten yn it Noardingelske greefskip Durham. Gibson stoar yn 1858 yn it Italjaanske Florâns oan in oerhaal, doe't er noch mar 53 jier wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.