Frank van der Goes
Franc van der Goes (Amsterdam, 13 febrewaris 1859 – Laren, 5 juny 1939) wie in Nederlânsk sjoernalist, marxistysk teoretikus en ien fan de oprjochters fan de SDAP. Hy skreau syn foarnamme Frank, hie as ropnamme Goes en brûkte de skûlnammen D.H. (= Den Haach), Mr. F.P.V.K. en Ph. Hack van Outheusden. Op 2 maart 1893 troude er mei Marie Koens. Sy krigen fjouwer dochters.
Biografy
bewurkje seksjeVan der Goes wie de soan fan fersekeringsman Willem van der Goes en Johanna Cnoop Koopmans. Op de HBS learde er de dichter Jacques Perk kennen. Hy folge in oplieding ta assuradeur en wie in stikmannich jierren warber oan de Amsterdamske Effektebeurs, mar hy hie mear niget oan letteren en de polityk. Hy behearde yn 1881 by de oprjochters fan it letterkundich genoatskip Flanor, mar stapte op 13 jannewaris 1882 alwer op, meidat syn foarslach om Multatuli te huldigjen gjin stipe krige.
Yn 1885 stie Van der Goes oan de widze fan De Nieuwe Gids, it literêr tydskrift fan de Tachtigers. Yn 1886 skreau er Majesteitsschennis, nei oanlieding fan in feroardieling fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Dat late ta in tydlike ferbanning fan de Effektebeurs. Yn 1892 stoppe er foarfêst mei syn beursaktiviteiten neidat er in fûle politike speech holden hie, dy't him teffens syn bybanen fan dosint deklamaasje oan de Amsterdamsche Toneelschool en it Amsterdamsch Conservatorium koste. Yn 1893 sei er alle meiwurking oan De Nieuwe Gids op, lykas de measte redakteurs, en liet it blêd fierders oer oan Willem Kloos, dy't it mier oan eltse foarm fan politike stellingname en de brek feroarsake hie.
Yn 1894 wie er – mei ûnder oaren Pieter Jelles Troelstra en Hendrik Spiekman – ien fan "de tolve apostels fan de SDAP", dy't de Sosjaal-Demokratyske Arbeiderspartij oprjochten. Hy sette sterk syn stimpel op it partijprogramma, mar waard net yn it bestjoer keazen, neffens guonts omdat er dêrfoar te eptich wie. Hy die mei oan De Kroniek fan Pieter Lodewijk Tak en yn 1896 wie er meioprjochter fan De Nieuwe Tijd. Fan 1899 oant 1912 wie er ek privaatdosint ekonomy oan de Amsterdamske Gemeente Universiteit. Letter waard hy redakteur fan Het Volk (1912-1925). Hy sette Das Kapital fan Karl Marx yn it Nederlânsk oer, mei Maurits Triebels (diel I) en Anton Pannekoek (diel II).
Yn 1932 gie Van der Goes by de SDAP wei, neffens him wie dy te rjochts wurden. Hy sleat him oan by de troch Piet J. Schmidt en Jacques de Kadt oprjochte Unôfhinklike Sosjalistyske Partij (OSP), wêrfan't er it partijblêd De Fakkel redigearre. Yn 1935 fusearre de OSP mei de Revolúsjonêr-Sosjalistyske Partij (RSP) fan Henk Sneevliet ta de Revolúsjonêr-Sosjalistyske Arbeiderspartij (RSAP). Dy lêste wie him trotskistysk, dat dy ferliet er rillegau wer. Dêrnei hearde er by de oprjochters fan it Bûn fan Revolúsjonêre Sosjalisten (BRS).
Krekt foar syn dea, op syn 80e jierdei yn 1939, krige er de karlêzing Uit het Werk van Van der Goes oanbean, mei in foarrede fan Henriette Roland Holst.
Literatuer
bewurkje seksje- Ron Blom, Frank van der Goes (1859-1939). Journalist, literator en pionier van het socialisme. Delft, 2012.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|