Franken (gebiet)
It gebiet Franken is it gebiet fan de âlde Hartochdom Franken fan de Midsiuwen. Yn it Dútsk en ek yn it Frysk en it Nederlânsk wurdt Franken brûkt. Yn oare talen en ek mei âldere nammen wurdt it wol oantsjutten as Franconia, Franconie of Frankonie. It gebiet foarmet gjin bestjoerlike ienheid. It grutste part fan Franken leit yn de dielsteat Beieren. Dat is ûnderferdield yn de Regierunsbezirke:
- Leechfranken (Unterfranken)
- Midfranken (Mittelfranken)
- Boppefranken (Oberfranken)
Boppedat wurdt de krite Heilbronn-Franken yn Baden-Wuertemberch en it súdlike part fan Tueringen by it gebiet Franken rekkene. Benammen yn de trije Frankyske Regierunsbezirke yn Beieren binne der groepen dy't stribje nei it foarmjen fan in nije dielsteat Franken yn de Bûnsrepublyk Dútslân. Yn 1989/90 hie de Fränkische Bund in petysje organisearre, mar ta de stifting fan in dielsteit kaam it einlings net. De Dútske Grûnwet biede der lykwols wol in wetlik grûn foar.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Franken fan Wikimedia Commons. |