Hartochdom Franken
It Hartochdom Franken wie ien fan de stamhartochdommen yn it Hillige Roomske Ryk, it stamlân fan de Franken. It hartochdom ûntstie yn de njoggende iuw en is sa stadichoan yn de tolfde iuw ophâlden te bestean, doe't it ferparte waard yn lytsere foarstendommen. It hartochdom omfieme it hjoeddeiske Hessen mei de stêd Frankfurt am Main, it noarden fan Baden-Wuertemberch, it suden fan Tueringen, parten fan Rynlân-Palts en de Frankyske gebieten yn Beieren. De gebieten yn Beieren binne hjoed-de-dei noch werom te finen yn de trije Beierske Regierungsbezirke Leechfranken, Midfranken en Boppefranken. De titel "hartoch fan Franken" fertsjinwurdige nei ferrin fan tiid gjin gebiet mear en gie stadichoan ferlern, ek om't it Frankyske Ryk in keninkryk en letter in keizerryk waard. De titel Rex Francorum (kening fan de Franken) gie letter oer nei de Frânske kening.
- De Wikipedy hat ek in side Franken.
Hearskers
bewurkje seksje- Koenraad de Aldere, ferstoarn 906, hie in hartochlike titel yn it hartochdom
- Koenraad I fan Franken, ferstoarn 918, wie kening fan it Eastfrankyske Ryk. Der kin fanút gean wurde dat er ek in hartochstitel hie yn it hartochdom Franken
- Everhard III fan Franken,ferstoarn 939, broer fan Koenraad I, wie hartoch fan Franken.
- Koenraad de Reade, ferstoarn 955, wie greve yn Franken, dus dat wol sizze dat er greeflike folmacht hie
- Freark I fan Swaben, ferstoarn 1105, hartoch fan Franken.
- Koenraad fan Staufen, ferstoarn 1152, hartoch fan Franken, Dútske kening.