Frauenkirche (Dresden)
De Frauenkirche (Us Leaffrou-tsjerke) is in lutherske tsjerke yn de Dútske stêd Dresden. Earder stie hjir in oarspronklik roomske tsjerke, dy't mei de reformaasje protestantsk waard en yn de 18e iuw ferfongen troch in gruttere barokke tsjerke. De Frauenkirche wurdt beskôge as in karakteristyk foarbyld fan protestantske tsjerkebou en draacht ien fan de grutste koepels fan Jeropa.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke ferneatige ûnder de bombardeminten op de stêd. Fyftich jier lang bleaune de swartbleakere resten fan de tsjerke as oantinken oan de ferskrikkings lizzen. Nei de feriening fan East- en West-Dútslân waard yn 1994 wer begûn mei de rekonstruksje fan de tsjerke. It eksterieur kaam yn 2004 ree, it ynterieur folge yn 2005. Op 30 oktober 2005 waard de tsjerke op 'e nij iepene mei in rige fan festiviteiten dy't duorren oant 31 oktober, de dei fan de fiering fan de reformaasje. Tagelyk mei de tsjerke waard de Neumarkt mei de om de tsjerke hinne lizzende barokke bebouwing rekonstruearre. Hjoed-de-dei stiet de Frauenkirche ek foar fermoedsoening tusken de eardere stridende partijen yn de oarloch.
Alhoewol't de tsjerke eaget as in domtsjerke, is it net de haadtsjerke fan it lutherske bisdom. Dy status is foarbeholden oan de Kreuzkirche. Ienris yn de moanne hat hjir ek in Ingelsktalige tsjinst plak.
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste oan de Hillige Faam Marije wijde tsjerke waard yn de 11e iuw yn romaanske styl boud. Dy katolike tsjerke stie yn it midden fan in tsjerkhôf bûten de stedsmuorren en waard mei de reformaasje in protestantske tsjerke. Yn 1727 folge de ôfbraak fan dizze tsjerke om plak te meitsjen foar in nije, gruttere tsjerke. Sels de ta it katolike leauwe bekearde Saksyske karfoarst Freark August I stipe de bou fan in tsjerke dy't letter sa byldbepalend waard foar de stêd.
De bou fan de tsjerke duorre fan 1726 oant 1743 en waard útfierd neffens tekeningen fan de stedsarsjitekt George Bähr. Sels soe er de foltôging fan syn meast ferneamde ûntwerp net mear meimeitsje en ferstoar yn 1738. Alhiel neffens de protestantske idealen foar tsjerkebou ûntwurp hy in ienheid fan alter, preekstoel en doopfont op dat plak, dêr't de hiele mienskip in goed sicht op hie. De bou fan in oargel mei 43 registers troch de ferneamde oargelbouwer Gottfried Silbermann begûn yn 1736. Al op 25 novimber waard it ynstrumint yn gebrûk nommen en op 1 desimber fan itselde jier joech Johann Sebastian Bach in konsert op it oargel.
It meast opfallende oan it bouwurk wie de 96 meter hege koepel, dy't as bynamme Steinerne Glocke (Stiennen klok) krige. De 12.000 ton wagende sânstiennen koepel waard droegen troch acht pylders en alhoewol't guon oan de stabiliteit twifelen, die it bliken dat de koepel tige fêst stie. Yn de Sânjierrige Kriich waard de koepel mear as 100 kear rekke troch kanonskûgels fan it Prusyske leger fan Freark II, mar nettsjinsteande dat bleau de koepel oerein.
De tsjerke waard op mannich skilderij fan ferneamde keunstners fêstlein, lykas troch de Italjaanske master Bernardo Bellotto en de Noarske master Johan Christian Dahl
Yn 1849 wie de tsjerke it middelpunt fan de revolúsjonêre ûnrêst yn de jierren 1848-1849. Om de tsjerke hinne wiene barrikaden opsmiten de gefjochten duorren dagenlang ear't de lêste opstannelingen it opjoegen.
De Frauenkirche waard yn de nasjonaalsosjalistyske tiid in sintrum fan de Deutsche Christen, in groepearring dy't oars as de oare protestanten him bot mei it nasjonaalsosjalisme ynlieten. Om dat stribjen krêft by te setten waard de tsjerke troch dy groep ta domtsjerke ferklearre.
De ferneatiging yn 1945
bewurkje seksjeYn de lêste moannen fan de Twadde Wrâldkriich waard de stêd noch troffen troch alles ferneatigjende bombardeminten. Nei in rige fan trije loftoanfallen op Dresden troch de Britske RAF en de Amearikaanske USAAF op 13 en 14 febrewaris 1945 baarnde de tsjerke alhiel út. Twa finsters wiene tichtmitsele, wylst de oare finsters troch de ûnbidige hjittens of ynslaande bommen op de Neumarkt fernield waarden. Fjoerstoarmen yn it sintrum fan de stêd lieten de temperatueren oant 1200 graden oprinne en gyngen it slimste oan by de frijsteande Frauenkirche dêr't gjin inkelde beskerming wie.
Yn de kelders fan de tsjerke lei in filmargyf opslein. It opsleine materiaal wie o sa brânber en koe bydrage oan it frijkommen fan in enoarme hjittens. Om't lykwols by it púnromjen foar de tarieding fan de weropbou fan de tsjerke inkelde net skeinde films fûn waarden, giet men der tsjintwurdich fan út dat dit argyf net ta de hjittens laat hat, dy't de tsjerke úteinlik ynstoarte die. De foarnaamste bydrage oan de ynstoarting fan de tsjerke wie it hout dat yn it ynterieur ryklik ferarbeide wie en dat it fjoer nei it ranen fan de ramen fuorre. Boppedat kin de tapaste sânstien minder hjittens ferneare as hurde stien, sa't dy bygelyks by bou fan de Kreuz- en Hofkirche brûkt waard. De hjittens feroarsake barsten en skuorren yn de sânstien, wêrmei't it bouwurk úteinlik syn stabilens ferlear.
Nei de grutte oanfal op de stêd stie der gjin inkeld hûs oan de Neumarkt mear oerein. Ek it monumint fan Marten Luther foar de tsjerke wie swier skeind. De Frauenkirche bleau noch lang nei de oanfal neibaarnen, wylst de koepel it boppe de ruïne noch hold. Lykwols, op 15 febrewaris om 10:00 hinne slagge it de minder gleon wurdende pylders net mear om de koepelkonstruksje te dragen. In pylder yn de súdwest hoeke fan de tsjerke stoarte yn en mei sloech de hiele koepel op de súdwestlike kant yn. Ek oare pylders stoarten yn en troch de druk fan de koepel waarden de swiere bûtenmuorren fan it gebou út inoar skuord. In grutte swarte reekwolk boppe de stêd wie it gefolch en foar mannich ynwenner waard dit barren noch slimmer fûn as al eardere fernielings oan de stêd, want dêrmei gyng de lêste hope ferlern om teminsten noch wat fan it âlde Dresden bewarje te kinnen. Wat bleau wie in grutte bult pún. It troch Johann Christian Feige makke alter bleau bewarre, om't it ranende fan it Silbermann-oargel it alter in konservearjende laach joech en de houten oargelresten it gewicht fan de delstoartend pún fan de koepel fermindere.
Nei-oarlochske tiid
bewurkje seksjeNei de ôfrin fan de oarloch waard der ûndersyk dien om de tsjerke wer op te bouwen. It alter waard yn 1947 feilich steld en tichtmitsele om it waar gjin fet te jaan. Likernôch 850 stiennen waarden ynventarisearre en earne oars opslein. De stêd brûkte in part fan dizze stiennen letter foar de oanlis fan de Brühlsche Terrasse, it oare part bleau bewarre en waard werom brocht nei de púnbult. It nije sosjalistyske bestjoer fan de stêd begûn al gau-eftich mei it oprûmjen fan alle pún yn de binnenstêd en dêrmei ferdwûn foar in soad minsken ek de hope op in rekonstruksje fan de tsjerke. It besykjen fan it stedsbestjoer yn 1962 om de resten fan de Frauenkirche te ferwiderjen om dêr in grut parkearterrein oan te lizzen, mislearre. De befolking fan de stêd protestearre en boppedat hie it bestjoer in tekoart oan jild.
De púnbult waard mei roazen beplante en sa bleau de tsjerke yn de DDR-tiid mear as 40 jier lang in monumint ta oantinken fan de kriich. In soad ynwenners betochten hjir harren famylje, dy't by de bombardeminten it libben ferlearen en foar wa't der fakentiden gjin grêf jûn wurde koe.
Yn 1966 ferklearre de Dútske Demokratyske Republyk de ruïne offisjeel ta in monumint tsjin de kriich sûnder dat der fierders wat feroare oan de púnbult.
Op 13 febrewaris 1982, doe't de fredesbeweging "Schwerter zu Pflugscharen" (Swurden ta ploechizers) op it hichtepunt wie, rôpen kristenen yn Dresden foar de earste kear op om yn stilte de kriich by de Frauenkirche te betinken. De oerheid besocht dy manifestaasjes te ferhinderjen, mar dat bleau om 'e nocht. De Saksyske Lânstsjerke makke om dizze tiid hinne plannen om de ruïne te konservearjen om as monumint foar de fermoedsoening te tsjinjen. Under yn de tsjerke soe dan in útstalling oer de skiednis fan it gebou húsfeste en tagelyk in stiltesintrum ynrjochte wurde. Plannen fan de kant fan de oerheid om de tsjerke mei jild út it Westen wer op te bouwen waarden troch de Saksyske Lânstsjerke ôfwiisd. In diel fan de fredesbeweging wie it dêr mei iens.
Yn de gemeenterie waard yn 1985 wurke oan plannen foar de projekten nei de ôfsluting fan de rekonstruksje fan it operagebou. Yn dizze plannen foar de lange termyn waard ek foarsjoen yn de weropbou fan de Frauenkirche nei't it wurk oan it Stadtschloss dien wie. Dy lange-termynplannen waarden lykwols ynhelle troch de Wende.
De weropbou
bewurkje seksjeFan de hjerst yn it Wende-jier 1989 ôf liede in iepen brief oan de biskop fan de Lânstsjerke op de reformaasjedei en de stifting fan Ruf aus Dresden ûnder lieding fan dûmny Karl-Ludwig Hoch ta konkretere plannen om de tsjerke wer op te bouwen. Inkelde foaroansteande boargers holden sit yn in kommisje fan de Gesellschaft zur Förderung des Wiederaufbaus der Frauenkirche in Deutschland e.V. mei it doel in ûntwerp foar in archeologyske weropbou te ûntwikkeljen en dêrfoar jild yn te sammeljen. Yn 1991 waard de Stiftung für den Wiederaufbau Frauenkirche oprjochte, dy’t de hiele weropbou liede soe. En op 18 maart 1991 naam de Saksyske Lânssynoade it beslút de tsjerke wer yn de âlde gloarje werom te bringen.
Der wie lykwols ek krityk op de plannen. Guon arsjitekten en histoarisy woene ha dat mei it weropbouwen fan de tsjerke ek in betinkingsmonumint ferlern gie. Boppedat wie it projekt eins in histoarisearjende nijbou. in oar beswier wie dat de konstruksje en de technyske ynrjochting neffens moderne techniken ta stân komme soe.
Mei-inoar berûnen de kosten fan it projekt op 180 miljoen euro. Fan dat bedrach waard 115 miljoen troch jeften út de hiele wrâld ynsammele. It oare diel wie ûngefear yn like dielen ôfkomstich fan de stêd Dresden, de dielsteat Saksen en de Dútske oerheid. Somtiden wie der tuskentiids krapte oan jild, mar de bou waard fierder sûnder ûnderbrekkings foltôge.
Foar de bou waard de púnbult fanôf 4 jannewaris 1993 stien foar stien rûme. Alle brûkbere stiennen waarden katalogisearre en opslein. Mei help fan it plak dêr't de stiennen weihelle waarden en in spesjaal foar dit projekt ûntwikkele kompjûterprogramma, koe fan in soad stiennen it oarspronklike plak fêststeld wurde. Fan de 8.000 stiennen dy't burgen waarden, krigen 3.539 op 'e nij in plak yn de bûtenmuorre.
-
De ruïne foar de weropbou yn 1989
-
1993
-
2000
-
2003
-
2004
Eksterieur
bewurkje seksjeOp 27 maaie 1994 sette de weropbou fan de tsjerke útein. Om tefoaren te kommen dat it waar de bou stûke wie in spesjaal dak makke, dat mei de bou yn de hichte omheech koe. Hieltiten waard mei it berikken fan in beskate hichte it dak inkelde meters omheech brocht. De bou fan de tsjerke gyng folle hurder as tocht en koe al yn 2005 ôfsletten wurde. Dit koe om't de ynkommende jeften alle ferwachtings oertroffen. Op 13 april 2004 waard de lêste stien fan de grutte koepel ynset. En op 22 juny fan itselde jier waard de mei koper besleine ôfsluting mei in fergulde krús op de stiennen koepel pleatst. Dêrmei hie de tsjerke it âlde foaroarlochse oansjen werom krige.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe ôfwurking fan it ynterieur waard dêrnei mei de beskildering en de ynbou fan de banken ôfsletten. Yn it begjin fan de simmer 2005 krige it troch de Straasburger Daniel Kern boude oargel mei 4873 pipen in plak yn de tsjerke. In platfoarm op in hichte fan 67 meter fan wêrút men in útsicht oer de binnenstêd en de Elbe hat, waard op 1 febrewaris 2005 iepene. Yn it ramt fan it 60ste betinkingsjier fan de bombardeminten op de stêd waard op 13 febrewaris 2005 it ynterieur iepene.
De wijing fan de tsjerke wie op 30 oktober 2005 troch de Saksyske biskop Jochen Bohl. Dêrmei wie de tsjerke no ek foar de fiering fan de earetsjinst iepene. Ek de liturgyske foarwerpen krigen wer in plak yn de tsjerke. De wijing waard troch 1700 minsken bywenne en op it tsjerkeplein stiene nochris op syn minst 6000 man om de fiering op in grut skerm by te wenjen.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (dú) Side fan de Frauenkirche
- (dú) De tsjerke op de side fan Dresden/Saksen
- (dú) De fresko's yn de tsjerke foar de ferneatiging
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (Dresden)
|