Freark IX fan Denemark
Freark IX (Christian Frederik Franz Michael Carl Valdemar Georg) (berne op 11 maart 1899 – ferstoarn op 14 jannewaris 1972 ) wie fan 1947 oant 1972 kening fan Denemark. Hy wie de soan fan Kristiaan X en Alexandrine Augusta fan Mecklenburch-Schwerin en de fjirde Deenske kening fan it Glücksburchske skaai. Nei syn dea waard Frederik IX opfolge troch syn âldste dochter, Margrethe II.
Freark IX fan Denemark | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Freark IX fan Denemark | ||
echte namme | Christian Frederik Franz Michael Carl Valdemar Georg | |
bertedatum | 11 maart 1899 | |
berteplak | Slot Sorgenfri | |
stjerdatum | 14 jannewaris 1972 | |
stjerplak | Kopenhagen | |
dynasty | Hûs Oldenburg | |
Kening fan Denemark | ||
regear | 1947-1972 | |
foargonger | Kristiaan X fan Denemark | |
opfolger | Margrethe II fan Denemark |
Berte en famylje
bewurkje seksjePrins Freark waard berne op 11 maart 1899 yn it Slot Sorgenfri yn Kongens Lyngby noardlik fan Kopenhagen. Yn dy tiid wie syn oerpake Kristiaan IX kening. Syn heit wie doe prins Kristiaan fan Denemark (letter Kristiaan X), de âldste soan fan kroanprins Freark en prinses Louise (letter kening Frederik VIII en keninginne Louise). Syn mem wie Alexandrine fan Mecklenburch-Schwerin, in dochter fan gruthartoch Frederik Frâns III fan Mecklenburch-Schwerin en gruthartoginne Anastasia Michailovna fan Ruslân.
De prins waard op 9 april 1899 yn it slot Sorgrenfri doopt mei de nammen Christian Frederik Franz Michael Carl Valdemar Georg. De jonge prins hie 21 peetâlders, wêrûnder syn oerpake kening Kristiaan IX, keizer Nikolaas II fan Ruslân, kening George I fan Grikelân, kening Oskar II fan Sweden en Noarwegen, syn pake kroanprins Freark fan Denemark, de prins fan Wales (de lettere kening Edward VII fan it Feriene Keninkryk) en syn omke gruthartoch Freark Frâns IV fan Mecklenburch-Schwerin.
Syn iennige broer wie prins Knud, dy't in jier jonger wie as Freark. Hja groeiden op yn 'e Amalienborg yn Kopenhagen, yn it slot Sorgenfri noardlik fan 'e haadstêd en yn 'e Marselisborg yn Aarhus, dat tusken 1899 en 1902 boud waard as in geskink fan it folk oan it keninklik gesin. Yn 1914 boude syn heit de filla Klitgården by Skagen.
Jongerein en oplieding
bewurkje seksjeOp 29 jannewaris 1906 ferstoar Kristiaan IX. Freark VIII folge him op en sa waard Freark's heit kroanprins en hysels de twadde yn 'e line fan opfolging. Seis jier letter ferstoar Freark VIII op 14 maaie 1912. No waard Frearks heit kening ûnder de namme Kristiaan X en Freark waard kroanprins. Op 7 novimber 1915 die kroanprins Freark tagelyk mei syn broer prins Knud belidenis yn 'e paleistsjerke fan 'e Fredensborg.
Op 1 desimber 1918 waard Iislân erkend as soeverein keninkryk yn in personele uny mei Denemark ûnder in mienskiplike foarst. Freark waard sa ek de kroanprins fan Iislân, dêr't er Friðrik hiet. Mei't Iislân nei it referindum fan 17 juny 1944 in republyk waard, soe er nea kening fan Iislân wurde.
Oars as de measte foargongers keas Freark IX net foar in wurkpaad yn it leger mar yn 'e marine. Hy krige syn oplieding oan 'e Keninklike Deenske Marine Akademy en de Universiteit fan Kopenhagen. Freark waard yn 1945 beneamd ta admiraal en hold fan it libben op see. Lykas in soad seelju liet er him swier tatoeëarje. Hy wie fierder in grut leafhawwer fan muzyk en koe goed piano spylje en komponearje.
Houlik en bern
bewurkje seksjeYn 1922 waard de kroanprins fersein oan syn heale nicht Olga fan Grikelân en Denemark, dochter fan prins Nikolaas fan Grikelân en Denemark en gruthartoginne Helena Vladimirovna fan Ruslân. De ferloving waard nei in pear moanne lykwols wer ôfblaasd.
Jierren letter, op 15 maart 1935, ferloofde er him nei 't er 36 jier woarn wie mei prinses Ingrid fan Sweden, dochter fan kroanprins Gustaaf Adolf, letter kening Gustaaf VI Adolf fan Sweden (1882-1973) en kroanprinsesse Margaretha (1882-1920). Hja trouden op 24 maaie 1935 yn 'e Grutte Tsjerke (Storkyrkan) fan Stockholm.
Kroanprins Freark en syn frou Ingrid krigen it Freark VIII-paleis fan 'e Amalienborg as residinsje tawiisd. Ingrid learde al gau Deensk en mocht graach yn it suden fan Jutlân wêze, dêr't hja simmerdeis op it Slot Gråsten wennen.
Op 16 april 1940, sân dagen nei de Dútske ynfal yn Denemark, krige it pear harren earste bern, Margrethe. Hja waard in ljochtpunt yn in tsjustere tiid. De ynwenners fan Kopenhagen seagen it pear faak fytsen of mei de bernewein kuierjen. Hja krigen op 29 april 1944 noch in dochter, prinses Benedikte (troud mei prins Richard fan Sayn-Wittgenstein-Berleburg) en op 30 augustus 1946 harren tredde dochter, prinses Anne-Marie (troud mei kening Konstantyn fan Grikelân).
Regear
bewurkje seksjeNei't syn heit yn oktober 1942 fan in hynder foel, wie de kroanprins oant 1943 regint foar syn heit. Kristiaan X ferstoar op 20 april 1947 en in dei letter rôp premier Knud Kristensen Freark op it balkon fan 'e Christiansborg út as kening Freark IX.
De kening mocht graach jeije en hy organisearre in soad jachtpartijen yn it jachthûs yn Trend. Fredensborg en it slot Gråsten hearden ta de favorite residinsjes fan 'e keninklike famylje. Freark IX hie in waarm en nofter karakter en die syn bêst om de ôfstân tusken it keningshûs en de Deenske befolking lytser te meitsjen.
Doe't Freark IX kening waard, wie yn Denemark noch in troanopfolgingswet út 1853 fan krêft. Dêryn stie dat de troansopfolging allinne oer de manlike line gie. Om't de kening allinne dochters hie, soe de troan neffens it erfrjocht oergean op syn jongere broer Knud en dêrnei op dy syn âldste soan, prins Ingolf. De wet waard yn 1953 ferfongene en sûnt jildt foar de troansopfolging it earsteberterjocht, sadat de âldste dochter fan 'e kening, prinses Margrethe, de earste yn 'e line fan opfolging waard.
Dea en begraffenis
bewurkje seksjeKening Freark IX ferstoar op 14 jannewaris 1972 yn it stedssikehûs fan Kopenhagen nei in koart siikbêd. De oare deis rôp premier Jens Otto Krag Margrethe II út as keninginne fan Denemark. Nei in routsjinst yn 'e slottsjerke fan 'e Christansborg waard Freark IX begroeven yn 'e kapel fan 'e domtsjerke fan Roskilde. De begraffenis fûn plak op 24 jannewaris, 10 dagen nei de dea fan 'e kening. Syn definitive mausoleum waard pas yn 1985 foltôge. Keninginne Ingrid ferstoar op 7 novimber 2000 yn it slot Fredensborg en hja waard op 14 novimber njonken har man yn Roskilde begroeven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: dk:Frederik 9..
|