Domtsjerke fan Roskilde
De Domtsjerke fan Roskilde (Deensk: Roskilde domkirke) is de biskopstsjerke fan it lutherske bisdom Roskilde. De tsjerke stiet op it eilân Seelân yn Roskilde, Denemark. De domtsjerke is it earste goatyske gebou fan Skandinaavje en ien fan de earste bakstiennen tsjerken dy't om 1200 boud waarden. Hjoed-de-dei fertsjintwurdiget de domtsjerke arsjitektuer út in tiidrek fan 800 jier.
Domtsjerke fan Roskilde | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
Regio | Seelân | |
plak | Roskilde | |
adres | Domkirkepladsen 3 | |
koördinaten | 55° 38' N 12° 4' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Roskilde | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1200 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Webside | ||
Hiemside bisdom Hiemside domtsjerke | ||
Kaart | ||
Al iuwenlang is de domtsjerke de grêftsjerke fan de Deenske keninklike famylje en der binne 40 grêven (wêrfan 37 wis en trije taskreaun). Tegearre mei de fresko's en oare keunst yn 'e tsjerke fertelt de domtsjerke fan Roskilde de Deenske skiednis fan keningen, tsjerke en lân oer in tiidrek fan 1000 jier.
De domtsjerke falt sûnt 1995 ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO en alle jierren bringe in soad toeristen in besite oan 'e tsjerke.
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens de Deenske kronykskriuwer Saxo Grammaticus liet Harald Blåtand (Harald Blautosk) op it plak dêr't no de domtsjerke stiet yn 'e jierren 980 in houten tsjerke bouwe. Dy houten tsjerke waard de Treinighedskirken (Trije-ienheidstsjerke) neamd en Harald, dy't yn Poalen ferstoar, soe neffens de kronykskriuwer Adam fan Bremen dêryn begroeven wêze, dat fierder lykwols net troch oare boarnen befêstige wurdt. Yn 'e domtsjerke is in grêfstien foar Harald mei in fresko fan 'e kening oan in pylder út likernôch 1550, mar it is gjin grêf. Neffens de oerlevering makke syn soan Sven Gaffelburd de tsjerke grutter en nei alle gedachten waard hy dêr ek begroeven. Beide grêven binne lykwols nea fûn, mar der binne likemin bewizen dat hja earne oars te rêste lein binne.
Sûnt 1020 waard de tsjerke de sit fan in biskop. Yn 1026 fermoarde kening Knût de man fan syn suster Estrid yn 'e tsjerke, nei't dy him ferret hie. De kening waard troch de biskop hjitten syn suster foar it ferlies fan har man te kompinsearjen en it jild dat hja krige, brûkte hja om yn 1035 opdracht te jaan ta de bou fan in earste stiennen tsjerke yn Roskilde, mar it is net wis of dat ek in foargonger wie fan 'e hjoeddeiske katedraal.
Yn 'e jierren 1070 liet Svend Estridsen op it plak fan 'e domtsjerke in nije tsjerke bouwe fan travertyn en hy waard begroeven yn 'e tsjerke. De nijbou waard yn 1080 foltôge ûnder biskop Svend Normand, dy't ek yn ien fan 'e pylders byset waard.
Foarhinne waard altiten tocht dat ûnder biskop Absalon oan it ein fan 'e 12e iuw mei de hjoeddeiske tsjerke úteinset waard, mar resint ûndersyk wiisde út dat it boubegjin fan 'e goatyske domtsjerke al om 1200 hinne west hat. Yn 1282 ûnstie der brân yn 'e nij boude tsjerke, wêrby't in diel fan 'e tsjerkeskat ferlern gyng.
Doe't Margaretha I fan Denemark yn 1412 ferstoar, waard hja yn 'e kleastertsjerke fan Sorø begroeven, mar in jier letter waard it omskot troch biskop Peder Jensen Lodehat nei de domtsjerke brocht.
Yn 1443 waard Roskilde troffen troch in grutte stedsbrân, wêrby't ek de domtsjerke skeind waard. It duorre oant 1463 foar dat biskop Oluf Mortensen de domtsjerke wer ynwije koe. Om oan it jild te kommen foar de weropbou dielden Deenske biskoppen 40 dagen lang ôflaten út oan elts dy bydroech oan de kosten. De rekonstruksje waard ek foarútholpen troch de bou fan de Trijekeningenkapel foar Kristiaan I yn 'e jierren 1460.
It jier fan de reformaasje yn Denemark wie 1536. De roomske biskop waard doe finzen set en de domtsjerke waard oerdroegen oan de protestantsk-lutherkse earetsjinst. Mei de ynfiering fan it protestantisme kaam ek in ein oan it bisdom.
Kening Kristiaan IV joech yn 1612 opdracht ta de bou fan in nije kapel foar syn hûshâlding en yn 'e jierren 1630 liet er de twa opfallende spitsen fan de domtsjerke bouwe.
Op 26 februari 1658 waard nei de nederlaach yn 'e Deensk-Sweedske Kriich (1657-1658) de Frede fan Roskilde yn 'e domtsjerke tekene. De Sweden namen doe in grutte bút mei, wêrûnder de gouden jurk fan Margaretha I dy't by it grêf fan 'e foarstinne hong en oant de dei fan hjoed yn 'e domtsjerke fan Uppsala hinget. Yn 1690 liet Kristiaan V it âlde katolike koer frijmeitsje om dêr in krypte te bouwen foar him en syn bern by syn freondinne Sopfie Amalia Moth.
Yn 1774 waard útein set mei de bou fan in tredde keninklike grêfkapel foar Freark V, werfoar de besteande Us-Leaffrouwekapel ôfbrutsen wurde moast. It jild rekke lykwols gau op en de bou duorre oant 1825. Yn 'e tuskentiid waarden yn 1806 in tal saken út de katolike tiid op in feiling ferkocht om oan jild te kommen. Oan in lokale kopersmid waard in krusifiks ferkocht, dy't it krús ta brânhout stikken seagje soe. By it wurk spjalte lykwols de holle fan 'e korpus en der foel in kostber gouden krús út. Yn dat krús siet in relikwy fan it Wiere Krús en de Keninklike Keunstkolleksje hat it doe fuortendaliks opnommen yn 'e kolleksje, sadat de holle noch altiten te sjen is yn it Nasjonaal Museum.
Sûnt 1915 waard mei in fjirde keninklike grêfkapel útein set, dy't yn 1924 foltôge wie. Roskilde waard yntusken wer in bisdom.
By in restauraasje fan de spitsen ûnstie op 27 augustus 1968 brân. De brân wie ûnstien doe't wurknimmers rookten by it soldearjen.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke hie oarspronklik in grut krúsbyld, wêrfan lytse dielen bewarre wurde yn it Nasjonaal Museum. De rest waard yn 1806 op in feiling ferkocht en foar in part stikken slein en ferbaarnd. De krusigingsgroep bestie oarspronklik út de korpus, de bylden fan Marije en Jehannes en in pear ingels en wie yn 'e kleuren read en goud útfierd. Yn 'e holle fan it Kristusbyld waard in byzantynsk krús fûn mei in relikwy fan it Wiere Krús. Dat gebrûk wie by de fynst net bekend.
Heechalter
bewurkje seksjeIt 4 meter hege en 6 meter brede heechalter út 1560 waard yn Antwerpen makke en toant yn iepen stân foarstellings dy't it libbensferhaal fan Kristus as in stripferhaal fertelle. Yn sletten stân binne de wûnders fan Jezus te sjen. Hjoed-de-dei stiet it heechalter altiten yn in iepen stân.
Preekstoel
bewurkje seksjeKristiaan IV joech yn 1609 opdracht de preekstoel te meitsjen, dy't boud waard troch de doe ferneamde keunstner Hans Brockman. De preekstoel is yn 'e styl fan it maniërisme en hat dekoraasjes fan albast en wyt en swart Belgysk moarmer.
Skilder Freark III
bewurkje seksjeHeinrich Dittmers skildere yn 1674 it 10 kante meter grutte skilderij fan de deade Freark III op in mei blommen fersierd bêd. It barokke skilderij is ynspirearre op it wurk van Caravaggio.
Oargel
bewurkje seksjeFoar de reformaasje hie de domtsjerke al in swellenêstoargel. Nei de reformaasje mocht de Nederlânske oargelbouwer Herman Raphaelis Rottensteen-Pock in nij oargel bouwe, dat yn 1555 foltôge wie. It wie doe it grutste oargel en waard as in masterwurk beskôge. Yn 1654, 1832-1833, 1926 en 1988-1991 binne der feroarings oanbrocht, mar it hjoeddeiske oargel hat noch jimmeroan in pear orizjinele pipen fan 1555.
Grêven
bewurkje seksjeFoarst | Ferstoarn | Oarehelte | Ferstoarn | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Harald Blåtand* | 987 | |||
Sven I (?)** | 1014 | |||
Svend Estridsen | 1076 | |||
Margrete Estrid***** (troud mei Harald III fan Denemark, stoarn yn 1080) |
||||
Margaretha I fan Denemark | 1412 | |||
Kristoffel III fan Denemark | 1448 | Dorothea fan Brandenburg (1430-1495) | 1495 | apsis |
Kristiaan I fan Denemark | 1481 | Kristiaan I-kapel | ||
Kristiaan III fan Denemark | 1559 | Dorothea fan Sachsen-Lauenburg | 1571 | Kristiaan I-kapel |
Freark II fan Denemark | 1588 | Sofia fan Mecklenburg-Güstrow | 1631 | Kristiaan I-kapel |
Kristiaan IV fan Denmark | 1648 | Anna Katarina fan Brandenburch | 1612 | Kristiaan IV-kapel |
Frear III fan Denemark | 1670 | Sofia Amalia fan Braunschweig-Lüneburg | 1685 | Kristiaan IV-kapel |
Kristiaan V fan Denemark | 1699 | Charlotte Amalia fan Hessen-Kassel | 1714 | apsis |
Freark IV fan Denemark | 1730 | Louise fan Mecklenburg Anna Sofia Reventlov |
1721 1743 |
apsis |
Kristiaan VI fan Denemark | 1746 | Sofie Magdalene fan Brandenburg-Kulmbach | 1770 | Freark V-kapel |
Freark V fan Denemark | 1766 | Louise fan Grut-Brittanje Juliane Marie fan Braunschweig-Wolfenbüttel |
1751 1796 |
Freark V-kapel |
Kristiaan VII fan Denemark*** | 1808 | Freark V-kapel | ||
Freark VI fan Denemark | 1839 | Marie Sofie Frederika fan Hessen-Kassel | 1852 | Freark V-kapel |
Kristiaan VIII fan Denemark | 1848 | Caroline Amalia fan Augustenburg | 1881 | Freark V-kapel |
Freark VII fan Denemark**** | 1863 | Freark V-kapel | ||
Kristiaan IX fan Denemark | 1906 | Louise fan Hessen-Kassel | 1898 | Kristiaan IX-kapel |
Freark VIII fan Denemark | 1912 | Louise fan Sweden-Noarwegen | 1926 | Kristiaan IX-kapel |
Kristiaan X fan Denemark | 1947 | Alexandrine Augusta fan Mecklenburg-Schwerin | 1952 | Kristiaan IX-kapel |
Freark IX fan Denemark | 1972 | keninginne Ingrid | 2000 | Bûten de domtsjerke |
(*)Adam fan Bremen skreau dat Harald Blautosk nei syn dea yn Poalen (985) werom brocht waard nei Denemark en dêr yn 'e domtsjerke fan Roskilde begroeven waard. Dat wurdt lykwols net yn oare boarnen befêstige en in grêf is nea fûn. In leech grêf yn in pylder wurdt it grêf fan Harald Blautosk neamd.
(**) Sven I, ek Sven Gaffelburd, waard yn it Trije-ienheidskleaster begroeven, dat er sels bouwe litten hie. Guon tinke dat de kleastertsjerke yn Roskilde stie en faaks op itselde plak as de hjoeddeiske katedraal. In grêf is lykwols nea fûn.
(***) De keninginne fan Kristiaan VII, Karoline Mathilde leit yn Celle begroeven.
(****) De earste frou fan Freark VII, hartoginne Wilhelmine Marie fan Glücksborg, waard begroeven yn it mausoleum fan kastiel Lyksborg. De twadde frou fan Freark VII, kroanprinsesse Mariane, waard yn 'e Johannitertsjerke op it sloteilân Mirow (Dútslân) begroeven. De tredde frou fan Freark VII wie grevinne Danner, dy't yn 'e tún begroeven waard fan kastiel Jægerspris.
(*****) Der hawwe grutte twifels oer it grêf fan Margrete Estrid west. It soe it grêf fan de suster fan Knût de Grutte wêze, Estred, mar dat waard mei in DNA-test tsjinsprutsen. Yn stee dêrfan seit it Keninklik Hûs op harren hiemside dat it it grêf fan de frou fan Harald III is, keninginne Margrete Estrid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: op dizze side.
|