Heinrich Dittmers
Heinrich Dittmers of Henderick Dittmars/Dithmar (nei alle gedachten berne yn Hamburg yn 1625 [1]- 1677 (beïerdige 19 maaie 1677 yn Kopenhagen)) wie in Dútske keunstskilder en graveur dy't hofskilder yn Denemark wie.
Heinrich Dittmers | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1625 (?) | |
berteplak | Hamburch | |
stoarn | 1677 | |
stjerplak | Kopenhagen | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder, graveur | |
jierren aktyf | - 1677 |
Libben
bewurkje seksjeHeinrich Dittmers kaam nei alle gedachten út in keunstnersfamylje yn Hamburch. Gert Dittmers, mooglik syn broer, dy't mei Heinrich yn Denemark wurke en syn eigen wurken yn de omkriten fan Hamburg makke, ferskynt yn deselde tiid as hy.
Om syn oplieding ôf te meitsjen reizge Heinrich Dittmers nei alle gedachte nei Italië en Nederlân, sadwaande learde er de wichtige sintra fan de skilderkeunst fan syn tiid kennen. Om 1665 hinne gie er nei Denemarken en wurke dêr oan it Deenske keninklike hôf as histoarjeskilder (Schilder) en portretskilder (contrefeyer). Hy makke ek wurken foar de adel en de boargerij fan Kopenhagen. Op 9 desimber 1674 waard er offisjeel beneamd ta hofskilder.
Heinrich Dittmer's stjerdatum is net bekend; hy waard te hôf brocht yn Kopenhagen op 19 maaie 1677.
Wurk
bewurkje seksjeYn 1665 skildere er Eneboeren i sin Hule ('Kluzener yn syn grot', in portret fan de folkskeunstner Abraham Simon, no yn it Statens Museum for Kunst), en fiif jier letter it grutte skilderij Frederik III paradeseng (Frederik III op syn stjerbêd) foar de kapel fan Frederik III yn de Domtsjerke fan Roskilde.
Der binne hiel wat skilderijen fan Dittmers yn Denemarken, in hiele searje yn it Museum fan Nasjonale Histoarje yn Slot Frederiksborg (Det Nationalhistoriske Museum på Frederiksborg Slot), ek yn Slot Rosenborg, Rosenholm, Gavnø. Yn de Kunsthalle yn Hamburch is 'De oanbidding fan de hoeders' (Hyrdernes Tilbedelse) te sjen, yn it Mauritshûs yn De Haach in manljusportret. Der binne twa portretgravueres fan Dittmers bekend (Kristiaan V en oaren). Ferskate wurken fan Dittmers waarden gravearre troch Johan Martin Preisler en oaren. De Keninklike Gravuerekolleksje yn Kopenhagen hat nei alle gedachten syn tekene selsportret.
Galery
bewurkje seksje-
Portret fan in man (Mauritshûs)
-
De algemist Lorens Weiskopf
-
De Flaamske skilder Anthoni Schoonjans
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heinrich Dittmers fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |