Frearkstsjerke (Kopenhagen)
De Frearkstsjerke (Deensk: Frederiks kirke) is in Luthersk tsjerkegebou yn Kopenhagen, de haadstêd fan Denemark. De tsjerke stiet krekt eefkes westlik fan de Amalienborg en wurdt yn 'e folksmûle ek wol Moarmeren Tsjerke (Marmorkirken) neamd.
Frearktsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
adres | Frederiksgade 4, 1265 Kopenhagen | |
koördinaten | 55° 41'N 12° 35'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Kopenhagen | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Nicolai Eigtved | |
boujier | 1749-1894 | |
boustyl | Rokoko | |
Webside | ||
www.marmorkirken.dk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1740 ûntwurpen troch de Deenske arsjitekt Nicolai Eigtved en wie ornearre om it 300-jierrich jubileum fan it keningshûs glâns te jaan. Op 31 oktober 1749 lei kening Frederik V de earste stien foar it gebou. De tsjerke soe folslein fan Noarsk moarmer boud wurde, mar it plan pakte fierstente te djoer út.
Nei it ferstjerren van de arsjitekt waarden de plannen troch de Frânske arsjitekt Nicolas Henri Jardin oerarbeide, mar yn 1770 liet greve Johann Friedrich Struensee lykwols de bou stopsette. Nei't Struensee twa jier letter ta de dea feroardield wie, waard der ferskate kearen besocht om wer mei de bou útein te setten, mar alle goede bedoelings mislearren hieltiten wer.
De tsjerke stie al hast 150 jier as ruïne, doe't de yndustrieel Carl Frederik Tietgen it grûnstik yn hannen krige ûnder betingst dat hy foar it jild soargje soe om de tsjerke ôf te bouwen.
De tsjerke waard lang om let foltôge neffens de tekeningen fan arsjitekt Ferdinand Meldahl en op 18 augustus 1894 ynwijd.
De koepel fan de Frederikstsjerke rêst op 12 pylders en is mei in trochsnee fan 31 meter de grutste fan Skandinaavje.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Koepel
-
Oargel
-
Doopfont
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|