Frede fan Utert (1474)
De Frede fan Utert wie in frede dy't yn 1474 sletten waard en in ein makke oan in lange perioade fan hannelsoarloggen yn Noardwest-Europa, mar yn 't bysûnder oan 'e Ingelsk-Hanzeätyske Oarloch.
De Hânze wie yn de lette midsiuwen in geducht gearwurkingsferbân tusken in grut oantal stêden yn Europa. Dy Hânzestêden leine benammen yn Dútslân, East-Nederlân, Poalen, Flaanderen en de Baltyske steaten. De hannelgebieten wiene de lannen om de Noard- en Eastsee. Sûnt ûngefear 1430 brutsen der ferskate kaperoarloggen út tusken dizze stêden en frije hannelers út stêden dy't gjin lid wienen fan it bûn, benammen út de greefskippen Hollân, Seelân en Ingelân. De Frede fan Utert makke net allinnich in ein oan de oarloggen mar ek in ein oan de hegemony fan de Hânze.