Fredehiem
Fredehiem is de namme fan in hûs oan it Lytssân yn de binnenstêd fan Snits, dat earder as tsjerkegebou brûkt waard troch de Frijsinnich Herfoarmden .
De Frijsinnich Herfoarme Frouljusgroep Fredehiem waard oprjochte yn 1933 en húzet yn it pân Lytssân 18. Sûnttiids is it pân part fan it Frysk Skipfeart Museum. It gebou, fan oarsprong in wenhûs, stamt út 1813 en is boud neffens ûntwerp fan stedsarsjitekt A. Bruinsma.
Fredehiem is ien fan de ryksmonuminten yn de stêd Snits, ûnder mear fanwegen de oanwêzichheid fan in mezzaninoferdjipping en in skylddak mei hoekskoarstiens. Ek de omliste doar, sniene kroanlist en 4 stoeppeallen meitsje it ryksmonumintweardich.