Frederick Ayer (Ledyard, Konnetikut, 8 desimber 1822 - Thomasville Georgia, 14 maart 1918) wie in Amerikaansk sakeman.

Frederick Ayer
Ayer Mill, Lawrence, Massachusetts, ien fan syn fabriken

Hy is fral ferneamd fan syn aktiviteiten yn de tekstylyndustry, mar wie ek by oare saken belutsen. Sa wie er mei John Munro Longyear stichter fan de Arctic Coal Company.

Ayers hûs yn Lowell is no de Franco American School, in katolike skoalle en syn bûtenpleats Frederick Ayer Mansion yn Boston, Massachusetts is in National Historic Landmark wurden.

Ayer syn earste wiif wie Cornelia Wheaton (1835–1878), dochter fan Charles Augustus Wheaton en Ellen Birdseye. It pear krige fjouwer bern: Ellen Wheaton Ayer (1859–1951), James Cook Ayer (1862–1939), Charles Fanning Ayer (1865–1956) en Louise Raynor Ayer (1876–1878).

Nei it fersjerren fan Cornelia, boaske Ayer yn 1884 oan Ellen Barrows Banning (1853–1918). Sy krigen trije bern: Beatrice Banning Ayer (1886–1953), Frederick Ayer (1888–1969) en Mary Katherine "Kay" Ayer (1890–1981).

Dochter Beatrice troude mei de lettere generaal George S. Patton.[1]

J.C. Ayer syn soan, syn neef, wie ek in Frederick Ayer. Frederick Fanning Ayer (1851) waard abbekaat en filantroop en wie oandielhâlder yn tal fan bedriuwen.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Daughter's engagement announcement
  2. Short Bio on F.F. Ayer, 1914