John Munro Longyear

John Munro Longyear (Lansing, Michigan, 15 april 1850 – Brookline, Massachusetts, 28 maaie 1922) wie in Amerikaansk ûndernimmer dy't yn hout en mineralen hannele en de sintrale figuer wie efter de Arctic Coal Company dy't de eksploraasje en eksploitaasje fan stienkoalfoarrie op Spitsbergen (no Svalbard) fan 1905 oant 1916 yn hannen hie. It bedriuw boude in delsetting foar sa'n 500 arbeiders op Spitsbergen dy't Longyear City neamd waard, letter Longyearbyen, oan de Advintbaai.[1]

John Munro Longyear ± 1904
Betinkstien foar John Longyear yn Longyearbyen

Longyear wie boargemaster fan Marquette yn 1890–1891.[2] Om 1890 hinne wie er ien fan de stichters fan Huron Mountain Club ûnder Big Bay, MI. Yn 1906 stichte er de Arctic Coal Company tegearre mei syn kompanjon Frederick Ayer en ferskate oare lytse oandielhâlders. John Munro Longyear wie de grutste oandielhâlder fan de Arctic Coal Company mei it haadkantoar yn Boston, Massachusetts. Longyear gie al yn 1901 nei Svalbard en kocht de Tronhjem Spitsbergen Kulkompani yn 1904.

Store Norske Spitsbergen Kulkompani ûntstie yn 1916 as in konsortsjum fan Noarske ynvestearders, dy't itselde jier de Arctic Coal Company's en Ayer and Longyear's harren aktiviteiten op Spitsbergen oernaam. Sy wreiden de stienkoalmynbou fier út yn de omkriten fan de Advintdelling en Sveagruva, wat oarspronklik in Sweedske mynbouûndernimming wie.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Political Graveyard: Longyear family of New York by politicalgraveyard.com
  2. The Political Graveyard: Index to Politicians: Long-bey to Looker
  • Dole, N., 1922. America in Spitsbergen, The Romance of an Arctic Coal-Mine. Boston: Marshall-Jones Company.