Longyearbyen
Longyearbyen is de grutste stêd en it bestjoersintrum fan Spitsbergen. It plak leit oan it Advintfjord oan de mûning fan de Advintfallei. Longyearbyen leit op 78 graden noarderbreedte en is dêrmei it noardlikst lizzende plak fan de wrâld mei mear as 1000 ynwenners.
Longyearbyen | ||
Sintrum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Spitsbergen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2 417(2022) | |
Oerflak | 242,86 km² | |
Befolkingsticht. | 8,8 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1906 | |
Koördinaten | 78°13′12″N 15°39′0″E | |
Offisjele webside | ||
www.lokalstyre.no | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Longyearbyen op Spitsbergen.
|
Skiednis
bewurkje seksjeIt plak ûntstie doe't John Munroe Longyear, eigner fan de Arctic Coal Company út Boston, dêr yn 1906 wenten sette liet foar de arbeiders fan de stienkoalminen. De delsetting waard Longyear City neamd en de namme fan no is dêr in oersetting fan. Longyear iepene ek de earste myn.
Yn 1901 hienen de Noaren al de "Trondheim-Spitsbergen Kullkompani" oprjochte. Dy waard yn 1904 ferkocht oan de Arctic Coal Company. Yn 1916 naam it Noarske bedriuw Store Norske Spitsbergen Kullkompani Aktieselskap it bedriuw oer.
Yn 1941 waard de hiele befolking fan 765 Noaren en 2000 Russen evakuearre nei driging fan Nazi-Dútslân. Maaie 1942 waard it eilân lykwols opnij op de Dútsers ferovere by de ekspedysje Fritham. De Dútsers sloegen yn septimber 1943 werom, doe't de Dútske slachskippen Tirpitz en Scharnhorst, stipe troch njoggen torpedojagers alle delsettingen op Spitsbergen bombardearren; der rekken in tal minsken by dea en ferwûne. Der waarden 70 minsken finzennommen. Yn 1944 waard ek it plakje Sveagruva mei de grûn sljochte troch saboteurs fan in Dútske ûnderseeboat. July 1945 wie der wer ferbining mei it fêstelân fan Noarwegen. De mynbou kaam yn 1946 wer op gong en yn 1966 waard de sânde myn iepene. Anno 2011 is allinne de sânde myn noch iepen en hellet Longyearbyen de measte ynkomsten út toerisme en wittenskiplik ûndersyk.
Oant yn de jierren njoggentich fan 20e iuw waard it libben yn Longyearbyen folslein behearske troch de Store Norske. Doe't it Noarske parlemint yn 1925 har mei Spitsbergen bemuoide nei it yngean fan it Spitsbergenferdrach wie it de bedoeling dat Svalbard in gewoane Noarske gemeente wurde soe. De Storting (parlemint) koe it lykwols net iens wurde oft de gemeente by Finnmark as by Troms komme moatte soe, dat de status fan Spitsbergen waard net dúdlik. Yn de praktyk hie dat te betsjutten dat in mynbedriuw ferantwurdlik wie foar de deistige gong fan saken. Feitlik einige dy sitewaasje earst yn 1997 doe't it plak in eigen demokratysk keazen rie krige mei eigen foech foar it lokale bestjoer.
Klimaat
bewurkje seksjeTroch syn lizzing fier benoarden de noardpoalsirkel hearsket der yn Longyearbyen poalnacht fan 28 oktober oant 14 febrewaris, en bliuwt it it hiel etmiel ljocht fan 19 april oant 23 augustus. Longyearbyen hat in toendraklimaat.
Yn de jierren 30 (20e iuw) waard ûntdutsen dat de deaden op it tsjerkhôf fan de stêd net fergienen; sy waard konservearre troch de permafrost. Dêr mei no gjin minsken mear begroeven wurde. Minsken dy't slim siik wurde, mei kâns op ferstjerren, wurde dêrom no faak nei oare plakken yn Noarwegen brocht foar it gefal dat.
Ekonomy
bewurkje seksjeMynbou spilet noch altyd in grutte rol yn de mienskip. De Noarske mynboukompanjy Store Norske Spitsbergen Kulkompani hâldt twa koaleminen yn it wurk, (Longyearbyen #7 en Svea), en sawat de helte fan de ynwenners binne dêr oant wurk.
Under longyearbyen is Svalbard Global Seed Vault (bynamme Doomsday Vault - 'doemdeiklús') is in berchromte dêr't it sied fan miljoenen plantesoarten opslein wurde kin. De Global Crop Diversity Trust hat it bestjoer oer de opslach, dy't ûntwurpen is om natuerlike- en troch minsken feroarsake rampen wjerstean te kinnen, sa as de opwaarming fan de ierde, nukleêre grutskalige rampen en oersrteamingen. It plak is keazen omdat it fierôf leit en de permafrost foar lege stabile temperatueren soarget.[1]
Underwiis en ûndersyk
bewurkje seksjeYn 1993 waard it Universitêr Sintrum yn Svalbard (UNIS) iepene; it is in gearwurkingsferbân fan alle fjouwer Noarske universiteiten, dat ûnderrjocht yn geografy, poalbiology, geology en poaltechnyk fersoarget. De fiertaal is dêr Ingelsk en der sitte sa'n 350 bûtenlânske studinten dy't teminsten ien fak folgje. Fyftich prosint fan de studinten is Noarsk; it ûnderwiis is fergees, en de measte studinten wenje yn seis renovearre mynarbeidersbarakken yn Nybyen.[2]
Fierders hat it plak fasiliteiten foar ionosfearysk- en magnetosfearysk ûndersyk, nammentlik de EISCAT radar, in auroraobservatoarium en in magnetometer dy't ta de IMAGE-stasjonskeatling heart.
Media
bewurkje seksjeLongyearbyen hat ien krante, Svalbardposten.
-
Stêd en omkriten
-
De haadstrjitte
-
It Universiteitsgebou yn Longyearbyen (UNIS)
-
Panorama oer de stêd
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|