Finnmark
Finnmárku
It wapen fan de provinsje Finnmark
Lân Flagge fan Sweden Noarwegen
Nûmer NO-20
Lânsdiel Nord-Norge
Haadplak Vadsø
Oerflak 48.618 km²
- lân 45.757 km²
- wetter 2.861 km²
Ynwennertal 76.149 (01-01-2017)
Befolkingstichtens 1,6 ynwenners/km²
Tiidsône UTC+1
- simmertiid UTC+2
Webstee: www.ffk.no

Finnmark (Noardsamysk: Finnmárku; Kwensk: Finmarku) is in provinsje en tradisjonele regio fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsje Troms op yn 'e nije fúzjeprovinsje Troms og Finnmark, dy't lykwols op 1 jannewaris 2024 wer opheft waard.

Finnmark wie in provinsje (fylke) yn it uterste noardeasten fan Noarwegen. It grinzge yn it westen oan de provinsje Troms, yn it suden oan Finlân, yn it easten oan Ruslân, yn it noardwesten oan de Noarske See en yn it noarden en noardeasten oan de Barentssee. Finnmark wie de tinstbefolke provinsje fan Noarwegen.

De provinsje hiet earder Finmarkens amt of Vardøhus amt. Sûnt 2002 hat hiet it twa offisjele nammen, yn 'e beide offisjele talen fan it gebiet: Finnmark (Noarsk) en Finnmárku (Noardsamysk). Finnmark makket diel út fan Sápmi, it heitelân fan 'e Samen. Der wennet ek in oare minderheid, de Kwennen, dy't in taal sprekke dy't ek wol as dialekt fan it Finsk beskôge wurdt.

  Alta

  Berlevåg

  Båtsfjord

  Gamvik

  Hammerfest

  Hasvik

  Karasjok

  Kautokeino

  Kvalsund

  Lebesby

  Loppa

  Måsøy

  Nesseby

  Nordkapp

  Porsanger

  Sør-Varanger

  Tana

  Vadsø

  Vardø

  Provinsjes fan Noarwegen  
AgderAkershusBuskerudFinnmarkInnlandetMøre og RomsdalNordlandOsloRogalandTelemarkTromsTrøndelagVestfoldVestlandØstfold
Eardere provinsjes
Aust-AgderBergenHedmarkHordalandNord-TrøndelagOpplandSogn og FjordaneSør-TrøndelagTroms og FinnmarkVest-AgderVestfold og TelemarkViken
  ·   ·