Aust-Agder
It wapen fan de provinsje Aust-Agder
Lân Flagge fan Sweden Noarwegen
Nûmer NO-09
Lânsdiel Sørlandet
Haadplak Arendal
Oerflak 9.157,4 km²
- lân 8.313,75 km²
- wetter 843,65 km²
Ynwennertal 116.673 (01-01-2017)
Befolkingstichtens 13 ynwenners/km²
Tiidsône UTC+1
- simmertiid UTC+2

Aust-Agder is in tradisjonele regio, eardere provinsje en hjoeddeistich kiesdistrikt fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsje Vest-Agder op yn 'e nije fúzjeprovinsje Agder.

Aust-Agder wie foarhinne in provinsje (fylke) fan Noarwegen yn it easten fan Sørlandet. De provinsje lei oan it Skagerrak en grinzge oan Telemark, Rogaland en Vest-Agder. As regio beslacht it in gebiet fan 9.157,4 kante kilometer, en op 1 jannewaris 2017 wie it ynwennertal 116.673.

Yn 2017 stimde it Noarske parlemint foar it gearfoegjen fan de provinsjes Aust-Agder en Vest-Agder per 1 jannewaris 2020. Dizze fúzje wie ien fan de geografyske feroarings dy't plakfûnen yn it ramt fan in bredere de provinsjale weryndieling fan Noarwegen.

De provinsje Aust-Agder bestiet sûnt de jierren njoggentich út 15 gemeenten:

Nr. Gemeente Haadplak Ynwennertal
0901   Risør Risør 6.936
0904   Grimstad Grimstad 22.692
0906   Arendal Arendal 44.576
0911   Gjerstad Gjerstad 2.511
0912   Vegårshei Myra 2.104
0914   Tvedestrand Tvedestrand 6.051
0919   Froland Blakstad 5.713
0926   Lillesand Lillesand 10.702
0928   Birkenes Birkeland 5.718
0929   Åmli Åmli 1.856
0935   Iveland Birketveit 1.342
0937   Evje og Hornnes Evje 3.614
0938   Bygland Bygland 1.200
0940   Valle Valle 1.246
0941   Bykle Bykle 952
  Provinsjes fan Noarwegen  
AgderAkershusBuskerudFinnmarkInnlandetMøre og RomsdalNordlandOsloRogalandTelemarkTromsTrøndelagVestfoldVestlandØstfold
Eardere provinsjes
Aust-AgderBergenHedmarkHordalandNord-TrøndelagOpplandSogn og FjordaneSør-TrøndelagTroms og FinnmarkVest-AgderVestfold og TelemarkViken
  ·   ·