De Noardpoalsirkel is de parallel op likernôch 66° 33′ 39″ noarderbreedte. It is ien fan de fiif parallellen mei in bysûndere stjerrekundige betsjutting. It gebiet benoarden fan de sirkel is it noardpoalgebiet; it gebiet fuort besuden de poalsirkel is de noardlike evenredich-klimaatsône. De oare poalsirkel is de Súdpoalsirkel op it súdlik healrûn.

In kaart fan de Ierde, de poalsirkel is de reade streek boppe op it kaartsje.

De Noardpoalsirkel jout it súdlikste foarkommen op seenivo oan fan de poalnacht en de poaldei op it noardlik healrûn. Yn de simmer giet de sinne om 21 juny hinne in dei net mear ûnder, de poaldei. Hoe fierder nei it noarden, hoe mear nachten de sinne net ûndergiet. Yn de winter sil de sinne hjir om 21 desimber hinne yn alle gefallen ien dei net boppe de eachein komme. Ek hjir jild dat hoe mear nei it noarden, hoe langer de sinne net opkomt. Dit barren hat alle kearen plak mei de sinnekear.

Troch de foarm fan de Ierde is de noardpoalsirkel net wier in sirkel, mar de sirkel dy't der mei oerienkomme soe at de Ierde in bol wie, soe in lytssirkel wêze, dat oarnaris wurdt de poalsirkel beskôge as in lytssirkel.

Der wenje net in soad minsken benoarden de Noardpoalsirkel, benammen troch it swiere klimaat dat dêr hearsket. De trije grutste delsettings boppe de sirkel lizze yn Ruslân; it binne Moermansk (325.100 ynwenners), Norilsk (135.000) en Vorkuta (85.000). Yn Noarwegen leit Tromsø boppe de Noardpoalsirkel; hjir wenje 62.000 minsken. Yn Finlân leit Rovaniemi krekt besuden de poalsirkel, hjir wenje sa’n 58.000 minsken.

De Noardpoalsirkel giet troch de Noardlike Iissee, it Skandinavysk Skiereilân, Noard-Aazje, it noarden fan Noard-Amearika en Grienlân. Der lizze acht lannen op de poalsirkel, dit binne Noarwegen, Sweden, Finlân, Ruslân, de Feriene Steaten (yn de foarm fan Alaska), Kanada, Denemark (Grienlân) en Yslân.