Friedrich Mücke (berne op 12 maart 1981 yn Berlyn) is in Dútske teäter- en filmakteur.

Friedrich Mücke
akteur
Friedrich Mücke yn 2018
Friedrich Mücke yn 2018
persoanlike bysûnderheden
echte namme Friedrich Mücke
nasjonaliteit Dútsk
berne 21 maart 1981
berteplak Berlyn
jierren aktyf 2002 – no

Friedrich Mücke waard yn Berlyn-Prenzlauer Berg grutbrocht. Fan 2003 oant 2007 folge er in stúdzje oan de toanielskoalle "Ernst Busch" yn Berlyn. Dêrnei wurke Mücke yn it "Münchner Volkstheater". Yn de bioskoopfilm "Friendship!" spile er njonken Matthias Schweighöfer de rol fan Veit. Mei dy rol waard er yn 2009 ûnderskieden mei de Bayerischen Filmpreis.

Ek wurke Mücke oan ferskillende tillefyzjefilms mei, wêrûnder ôfleverings fan Tatort.

Jier Titel (Alternative titel) Rol
2010 Friendship! Veit
2010 Mahler auf der Couch Walter Gropius
2011 What a Man arts
2012 Russendisko Mischa
2012 Ludwig II Richard Hornig
2013 Der Geschmack von Apfelkernen Peter Klaasen
2014 Vaterfreuden Henne Bender
2014 Alles ist Liebe Klaus
2016 SMS für Dich Mark
2016 Robbi, Tobbi und das Fliewatüüt Sir Joshua
2018 Ballon Peter Strelzyk
2019 Wie gut ist deine Beziehung? Steve
2020 Wunderschön (2020) Milan
2020 Jackpot (2020) Dennis

Keppeling om utens

bewurkje seksje