Matthias Schweighöfer

Matthias Schweighöfer (berne yn Anklam, 11 maart 1981) is in Dútske akteur, in filmregisseur en in producer.

Matthias Schweighöfer
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tilman Valentin Schweiger
nasjonaliteit Dútsk
berne 11 maart 1981
berteplak Anklam
etnisiteit Dútsk
jierren aktyf 2000 -

Schweighöfer waard berne yn it Westpommerske Anklam en besocht de Hochschule für Schauspielkunst Ernst Busch yn Berlyn, mar makke syn stúdzje net ôf. Hy komt út in famylje mei mear akteurtalint, syn pake, syn omkes en syn heit en mem wiene resp. binne aktyf as akteur en sa rekke Matthias Schweighöfer ek al gau bekend mei it toaniel.

Syn earste rol wie yn de tillefyzjefilm Raus aus der Haut (1997) fan regisseur Andreas Dresen. Yn de jierren dêrnei folgen mear films lykas Der Rote Baron. Syn rol yn de film Valkyrie (mei û.o. Tom Cruise) iepene foar him de wei om Ingelsktalige rollen te spyljen.

Tegearre mei presentator Joko Winterscheidt rjochte Schweighöfer yn 2009 it moademerk "German Garment" op. Syn debút as filmregisseur folge mei de romantyske komedy What a Man. Yn 2017 regisearre, produsearre en spile Schweighöfer de haadrol yn de film You are wanted, de earste net Ingelsktalige tillefyzjesearje fan Amazon Studios.

Bioskoopfilms

bewurkje seksje
  • 2001: Die Freunde der Freunde as Gregor
  • 2001: Herz im Kopf as Dirk
  • 2001: Mein Vater, die Tunte as Jan
  • 2002: Nachts im Park as Hansen
  • 2007: Fata Morgana as Daniel
  • 2007: Keinohrhasen as Moritz
  • 2008: Der Rote Baron as Manfred von Richthofen
  • 2008: Valkyrie as Ltd. Herber
  • 2008: Der Architekt as Jan Winter
  • 2009: Night Train as Frankie
  • 2009: Zweiohrküken as Moritz
  • 2009: 12 Meter ohne Kopf as Gödeke Michels
  • 2009: Must Love Death
  • 2010: Friendship! as Tom
  • 2010: 3faltig as Kristus
  • 2011: What a Man'as Alex
  • 2011: Rubbeldiekatz as Alexander Honk
  • 2012: Russendisko as Vladimir
  • 2013: Schlussmacher as Paul Voigt
  • 2013: Kokowääh 2 as himsels
  • 2013: Frau Ella as Sascha Hanke
  • 2014: Vaterfreuden as Felix Bender
  • 2014: Irre sind männlich as gast op it feest
  • 2014: Bibi & Tina: Voll verhext! as prins Charming
  • 2015: Der Nanny as Clemens
  • 2016: Der geilste Tag as Andi
  • 2016: Vier gegen die Bank as Max
  • 2017: You are Wanted as Lukas Franke
  • 2017: Bullyparade – The Movie as Cameo
  • 2018: Hot Dog as Theo Ransoff
  • 2018: Vielmachglas as Erik Ruge
  • 2018: 100 Dinge as Toni Katz
  • 2018: Kursk as Pavel Sonin
  • 2020: Resistance as Klaus Barbie
  • 2021: Army of the Dead as Ludwig Dieter
  • 2021: Hinterland as Josef Severin
  • 2021: Army of Thieves as Ludwig Dieter

Keppeling om utens

bewurkje seksje