Friesennot

film út 1935 fan Peter Hagen

Friesennot (ûntertitel: Ein deutsches Schicksal auf russischer Erde) is in Dútske film út 1935 regisearre troch Willi Krause, skûlnamme Peter Hagen.[1]

De film is ek bekend as Dorf im roten Sturm en Frisions in Distress (FSA).

Kommunistyske autoriteiten meitsje it libben sa slim mooglik foar in doarp mei Wolga Dútsers yn de Sovjet-Uny, mei belestings en oare ûnderdrukkings.[2] As Mette, in heal-Russyske, heal Fryske frou, de freondinne wurdt fan kommissaris Tsjernov, fermoardzje de friezen har en smite har lichem yn de sompen.[3] Dan brekt iepentlik gewelt út, en de Reade Leger-soldaten wurde allegear fermoarde; de doarpsbewenners sette harren doarp yn de brân en flechtsje.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. |title=New York Times: Friesennot (1936) |accessdate=2010-10-31|work=NY Times
  2. Erwin Leiser, Nazi Cinema p39-40 ISBN 0-02-570230-0
  3. 3,0 3,1 Erwin Leiser, Nazi Cinema p40 ISBN 0-02-570230-0