Frijgerssleat
De Frijgerssleat is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Langsturtepoel fia de Gudzekop nei de Goaiïngarypster Puollen. Op de súdlike ouwer lizze de Frije Gerzen as ûnderdiel fan de Kop Bloksleat. De noardlike wâl wurdt foarme troch de Grutte Griene.
De namme Frijgerssleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Vrijegrassloot.