Nederlânske Grifformearde tsjerke (Droegeham)

(Trochferwiisd fan Frijmakke Tsjerke (Droegeham))

De Nederlânske Grifformearde tsjerke is in tsjerkegebou fan 'e Nederlânske Grifformearde Tsjerken yn Droegeham.

Nederlânske-grifformearde tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Droegeham
adres De Buorren 63
koördinaten 53° 12' N 6° 06' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Nederlânske Grifformearde Tsjerken
Arsjitektuer
boujier 1976
Webside
ngk-drogeham-twijzel
Kaart
Nederlânske Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Nederlânske Grifformearde tsjerke

De frijmakke grifformearden dy't harren yn 1944 fan 'e Grifformearde tsjerke losskuord hiene, makken ynearsten gebrûk fan 'e iepenbiere skoalle út 1873, dy't hja yn 1949 geskikt makke hiene foar dy funksje. Dat gebou waard yn 1976 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it hjoeddeiske tsjerkegebou.[1]

Yn 2023 fusearren de Grifformearde-frijmakke tsjerken fan Droegeham en Twizel. Yn itselde jier fusearre ek it tsjerkegenoatskip mei de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken. Sûnt is it gebou ien fan 'e tsjerken fan it Nederlânske Grifformearde Tsjerken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: